Kening komt nei Ljouwert om te learen oer Fryske taal en kultuer
Kening Willem-Alexander komt oer in lytse twa wiken wer nei Fryslân. Syn besite oan Ljouwert stiet yn it ramt fan de Fryske taal en kultuer.
Hy sil op woansdei 16 oktober nammentlik del by de Fryske Akademy, Tresoar en Afûk. Dêr praat er mei bestjoerders en meiwurkers oer de betsjutting dy't it Frysk foar harren hat.
De besite begjint by de Akademy. Dêr stiet de ûntwikkeling fan it Frysk ta offisjele taal sintraal, krekt as wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske taal, skiednis en kultuer. De kening praat mei in deputearre, de direksje en mei tal fan ûndersikers oer de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer.
Kuierje nei Tresoar
Fan de Akademy nei Tresoar is it mar in lyts stikje. De kening kuieret dêrom nei syn folgjende ôfspraak. By histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar krijt de kening taljochting op in tal stikken út de kolleksje.
Fierder wurdt in wetstekst yn it Aldfrysk foarlêzen en sit de kening by in part fan bernekolleezje. Meiwurkers en de learlingen ha in ûnderwerp útkeazen dat wichtich foar harren is.
Frysk yn it deistich libben
Njonken Tresoar sit útjouwerij Afûk. Dêr krijt de kening in rûnlieding troch de winkel en in taljochting op de kolleksje boeken. De besite einiget mei in petear oer de betsjutting fan it Frysk yn it deistich libben. Dêr dogge ûnder oare in saakkundige út de ggz en in studint Frysk oan mei.
De kening wit Fryslân de lêste moannen goed te finen. Earder wie er al yn Sint-Jabik, Heech en Murns.
Oankundiging yn it Frysk
De Ryksfoarljochtingstsjinst hat de komst fan de kening bekendmakke yn in Frysktalich parseberjocht. Takomstige berjochten ferskine net yn it Frysk, lit de provinsje witte. Dat dit parseberjocht wol yn it Frysk wie, hat te krijen mei de aard fan de wurkbesite.