Omrop Fryslân

Mei de kening achterop de fyts: de Zonnebloem fiert jubileum yn Murns

Kening Willem-Alexander en Ida de Rooij op in rolstoelfyts fan de Zonnebloem
© ANP
Feriening de Zonnebloem bestiet 75 jier, en dat fiere se mei in hege besite. Kening Willem-Alexander wie hjoed yn Murns om de feestlike dei mei te meitsjen.
Nei in wolkom en in pear wurden troch Erica Bakkum en Marc Damen fan de Zonnebloem lit de feriening mei in protte entûsjaste harren rolstoelfyts oan de kening sjen. Foarop dy spesjale fyts kin in rolstoel fêstset wurde, sa't minsken mei in lichaamlike beheining der dochs opút kinne foar in fytstochtje.

Te fytsen mei de kening

Yn oanwêzichheid fan ferskate frijwilligers en dielnimmers kriget de kening neist útlis ek in ritsje oanbean op de spesjale fyts. Ljouwerter Ida de Rooij sit yn in rolstoel, en mocht mei de kening op de fyts.
"Ik hoop dat u de stoelriem goed vast heeft", seit kening Willem-Alexander. "Nu ben ik aan de goden overgeleverd", laket De Rooij.
Kening Willem-Alexander mei Ida de Rooij foarop de fyts
© Omrop Fryslân
"Prachtich, mei de kening achterop de fyts. Wa oerkomt dat no! Ik haw der sa fan genoaten", seit De Rooij nei de tiid.

Ympakt fan beheining

Nationale Vereniging de Zonnebloem set hat yn foar minsken mei in lichaamlike beheining. Nei it rûntsje op de rolstoelfyts giet de kening yn petear mei dielnimmers oer de ympakt fan harren beheiningen yn harren deistich libben.
De Zonnebloem betsjut in soad foar harren, hawwe se oan de kening ferteld. "Ik heb ook mooie verhalen gehoord van mensen die meedoen. Die zeggen: 'anders kom ik de deur niet uit, als ik de Zonnebloem niet heb'. Dat is echt het belang van de Zonnebloem."
Kening Willem-Alexander yn petear mei dielnimmers fan de Zonnebloem
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Mei donateurs en minsken fan it bestjoer hat de kening it ek hân oer útdagings en takomstplannen fan de Zonnebloem.
Kening Willem-Alexander sjocht werom op in moai jubileum en in learsume middei. "De Zonnebloem is al 75 jaar heel actief met vrijwilligers om mensen met een beperking de kans te geven om normaal mee te doen in de maatschappij. Om uitjes te organiseren, ze te bezoeken, vakanties te organiseren", seit er oer it wurk fan de feriening.
"Aan de andere kant ook heel duidelijk te maken aan de maatschappij hoe de maatschappij zich moet aanpassen zodat iedereen mee kan doen."
Kening Willem-Alexander fiert jubileum de Zonnebloem yn Fryslân
Dêrnei gie it troch nei it strân. Dêr moete er dielnimmers en frijwilligers fan in spesjale ôfdieling fan de Zonnebloem foar jongerein yn Fryslân. Dy hienen in aktiviteit organisearre: bôgesjitten. Ien fan de ynstrukteurs wie Johannes van der Veen.

"Mooie Friese klompen"

Hy rekke mei de kening oan 'e praat troch syn klompen: Scherjontsjes. Hy hat Willem-Alexander útlein dat er altyd klompen oan hat, fanwegen in swiere operaasje oan syn rêch.
De kening koe de Scherjontsjes noch net, mar fûn it wol yndrukwekkend om te hearren dat Van der Veen him no op de houten 'scherjontsjes' wer rêde kin. "En het zijn mooie Friese klompen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.