Omrop Fryslân

Gjin stress mear fan de oarloch: Willem Nammensma is thús en bliuwt yn Fryslân

Willem Nammensma thús yn Warkum
© Omrop Fryslân
It binne bepaalde lûden dy't Willem Nammensma út en troch pikefel jouwe. It bringt him werom nei syn hûs by Lviv, Oekraïne, dêr't geregeld drones en rakketten leech oerfleagen. Hy is no werom, thús, yn Warkum.
Nammensma sit thús oan de tafel en lêst de krante. Der binne twa koppen dy't syn oandacht lûke. Ien giet oer Oekraïne en de NAVO, de oare oer de wurgens fan it Oekraynske folk.
"De minsken wurde murf slein. De spanning fan de oanfallen, de mobilisaasje mei dêrby it risiko om it leger yn te moatten. De loftalarmen dy't nachts ôfgeane. Dat jout in soad stress", seit Nammensma.
Hy hie der sels ek lêst fan. Dat er nachts wekker waard fan it loftalarm en wer rjochting de skûlkelders moast.
"Je dogge dat om't je hjir ek je famylje ha. Dat is nei har ta in ferplichting."
De oarloch yn Oekraïne twong Willem Nammensma werom te kommen nei Fryslân
It fielen fan dy ferplichting makke de stap om werom te ferhúzjen nei Nederlân maklik. It risiko fan de oarloch waard grutter en grutter, mar ek it hinne en wer reizigjen fan en nei Nederlân ta begûn in protte te freegjen.
"Under dizze omstannichheden is dat wol in ferlichting", seit Nammensma. "It kontakt mei de famylje, dat je wer yn de buert binne. Eltsenien wie dêr ferromme oer."

Fan 2010 ôf yn Lviv

Yn 2010 kaam er foar it earst yn Lviv. Hy wurke dêr doe foar fjouwer jier foar in Oekraynske baas, yn de ierdappels. Nei in perioade yn Fryslân gie er yn 2020 werom nei Oekraïne.
Willem en Inge Nammensma en de bern by it âlde hûs fan de eardere presidint Yanukovich yn Oekraïne (argyf)
© Willem Nammensma
It ikkerboubedriuw is yntusken oernaam troch in bûtenlânske ynvestearder. Der is in soad wurk dat dien wurde moat. "It giet om 195.000 bunder grûn. Dat is hast de helte fan Fryslân."
It wurk wie moai, al mist er it dêr net. "Dat kin ik weistreepje tsjin it feit dat ik hjir wer by myn frou, soan en dochter bin."
It helpt him dat er noch net folslein ôfskied nommen hat fan it bedriuw. "Ik begeliedt it team noch. Dat ik alle dagen kontakt mei harren haw helpt by dizze stap."
Wurk yn de ierappels gie ek yn de oarloch gewoan troch
© Willem Nammensma
De oare kant is dat er troch de jierren hinne in soad opboud hat yn it lân.
"Dat is ek de reden dat ik bleaun bin doe't de oarloch begûn. Wy kinne sa fuort, de grins oer. It hat de minsken dêr goed dien dat oaren ree binne om te bliuwen en net fuort te rinnen as it mis giet."
De oarloch lit yntusken dúdlike spoaren efter, sjocht Nammensma. Sels hat er gjin meiwurkers ferlern, mar alle famyljes hawwe wol in ferhaal.
In raketoanfal fan Ruslân by de Oekraynske stêd Lviv (argyf)
© Willem Nammensma
"Dat makket it somtiden dreech om motivaasje te finen. As je alle dagen dwaande binne mei de oarloch en de gefolgen dêrfan. Want dy binne der binnen de famyljes, freonegroepen of yn de mienskip dêr't se wenje."
It jout in soad stress by de minsken dêr, fernimt Nammensma.
Nei de winter ta nimme de oanfallen fan de Russen boppedat wer ta. Se ha it dan foarsjoen op it gasferdielstasjon dat by de stêd leit of op de elektrisiteitsfoarsjennings.
Guon lûden, dy't lykje op it loftalarm, dêr krij ik somtiden pikefel fan.
Willem Nammensma
No't Nammensma werom is yn Nederlân, hoecht er him gjin soargen mear te meitsjen oer oanfallen mei rakketten of drones. "Sa'n rakket kin je fergelykje mei in oerfleanende strieljager. In drone is mear in meanmasine."
"It binne de fleantugen dy't je fuort werkenne. Guon lûden, dy't lykje op it loftalarm, dêr krij ik somtiden pikefel fan. Fierder falt it gelokkich ta."
Willem en Inge Nammensma, thús yn Warkum oan de keukentafel
© Omrop Fryslân
It lân hat takomst, dêr is Nammensma wis fan. "It hinget ôf fan hoefolle stipe oft it lân kriget, mar belangriker noch: wannear hâldt de oarloch op?"
De skiednis leart, sa seit Nammensma, dat yn it lân om de fiif jier wat bart. "Mar Oekraïne hat al in 'stijgende lijn' te pakken. It giet muoisum, mar de potinsje is grut, foaral as lânboulân."

Help bliuwt nedich

Dêrom is de help fan lannen as Nederlân fan sok grut belang.
"Oekraïners wolle fansels holpen wurde. Mar der is ek in gefoel fan machteleazens. Se wolle mear kinne, se wolle fjochtsje. Mar dan moatte de wurden hjirwei wol omset wurde yn dieden, want dat helpt."
Mar, seit Nammensma realistysk: "Dat is polityk, dat komt net by jo en my wei."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.