Omrop Fryslân

Skylge better taret op drûchte mei natuer fan hûndert jier lyn

De oplevering mei deputearre Matthijs de Vries
© Remi Hougee, Staatsbosbeheer
Skylge hat in belangrike stap set yn de striid tsjin drûchte. It projekt 'Waterpracht' is offisjeel oplevere, wêrmei't swiet wetter better fêstholden wurde kin.
Op West-Skylge en Aasterein binne hast tsien kilometers oan sleatten ûndjipper makke, wêrtroch't de grûnwetterstân heger wurden is. It eilân kin dêrmei swiet wetter better fêsthâlde. En dat is nedich, no't de simmers geregeld hiel drûch binne.
It kin klinke as in paradoks: wetter fêsthâlde troch sleatten te dimpen dy't hûndert jier lyn groeven binne. Mar de djippere sleatten soargen derfoar dat it swiete wetter it Griene Strân te maklik ferlitte koe.

Kettingreaksje foar de natuer

As it wetter langer stean bliuwt, sakket it nei ûnderen. Dêrmei wurkje de bosken en dunen as in soarte fan natuerlike spûns. Sa wurdt de wetterfoarried fan it eilân oanfolle en dêr hat de natuer op de lange termyn mear profyt fan as fan de sleatten.
It soarget der bygelyks foar dat belangrike mineralen nei boppen ta komme en dat smyt wer nije planten en ynsekten op. Seldsume fûgels kinne dêrfan profitearje.

Fernielde keardammen werom

It klimaat feroaret en dêrmei nimt de kâns op ekstremer waar ta: drûgere simmers, mar ek in wietere winter en maitiid. Dat wie ek de oanlieding foar it projekt, dat sneon offisjeel iepene is troch deputearre Matthijs de Vries en provinsjehaad Bert Hummelen fan Staatsbosbeheer.
Net allinnich sleatten binne dimpe, der binne ek keardammen pleatst. Fiif dêrfan binne fan it simmer noch fernield, wêrtroch't in protte wetter fuortrûn is. Troch de ûngewoan wiete maitiid en simmer op it eilân wie der in soad oerlêst fan wetter. De plysje spruts fan 'ondermijnende criminaliteit'.
De oplevering en iepening fan it projekt by it Griene Strân by it ynformaasjeboerd oer Waterpracht
© Remi Hougee, Staatsbosbeheer
Waadeilannen binne foar in wichtich part ôfhinklik fan it swiete wetter dat op it eilân falt. Dat komt úteinlik yn in swietwetterbel ûnder de dúngebieten by elkoar.

Sâlt wetter komt omheech

Mar dy swietwetterbel driuwt op sâlt wetter en mei de ferwachte seespegelstiging komt ek dat sâlte wetter omheech. Dat drukt it swiete wetter dan fan it eilân ôf, wêrtroch't it noch dreger wurdt om der genôch fan fêst te hâlden foar de natuer en de minsken op it eilân.
Dat docht ek bliken út resinte modellen fan ûndersyksynstitút Deltares, dy't se op it eilân presintearre ha. Op plakken dêr't it wetter út de grûn no makliker omheech komt, nimt it wichtige mineralen mei út de boaiem dy't goed binne foar in soad planten en blommen.
It projekt is mei mooglik makke mei jild út Europa.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.