Skylgers en wittenskippers bondelje krêften yn striid tsjin klimaatferoaring

Klimaatadaptaasje
Vince Kaandorp (Deltares), Mindert de Vries (Van Hall Larenstein) en melkfeehâlder Gerard Cupido © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Kennisynstitút op it mêd fan wetter Deltares hat in klimaatmodel makke foar it Waadeilân Skylge. It is noch mar in earste ferzje, mar úteinlik moat it de eilanners helpe om mei te bewegen mei it feroarjende klimaat.
Ien en oar is ûnderdiel fan in folle bredere oanpak dêr't boeren oan meidogge, mar ek in soad oare partijen dy't ôfhinklik binne fan foldwaande swiet wetter op it Waadeilân.
Wittenskippers en eilanners besykje mei-inoar ta wurkjende oplossingen te kommen no't de winters wieter en de simmers drûger wurde en de seespegelstiging it dreger makket om swiet wetter fêst te hâlden op it eilân.

Praktyske oplossingen

Mei help fan wittenskippers fan Van Hall Larenstein, Deltares en Wageningen University Research wurdt socht nei praktyske oplossingen.
Vince Kaandorp fan Deltares hat it klimaatmodel makke: "Wij hebben een computermodel waarin je alle elementen van zo'n eiland stopt. De ondergrond, de sloten, de duinen en dan kun je rekenen wat dat doet met grondwaterstromingen, met kwel, maar ook bijvoorbeeld met zoute kwel."

KNMI

Kaandorp: "We hebben nu met dat model gekeken naar wat we verwachten in bijvoorbeeld 2050 of 2100. En dan kijken we naar de KNMI-scenario's. Dan heb je zeespiegelstijging en ook verandering van het weer door het jaar heen. En in zo'n model kun je dan bekijken wat dat betekent voor die stromingen."
Skylgers eksperimentearje mei wetter
Kaandorp fertelt oer wat dat feroarjende klimaat neffens it model betsjut foar it Waadeilân: "Dan zie je dat het natter wordt in de duinen, want de grondwaterspiegel gaat stijgen. En dat heeft dan weer consequenties voor de duinranden waar ook woningen staan of campings liggen."

Swietwetterbûl

Benammen ûnder de dunen sit in grutte swietwetterbûl, dy't driuwt op sâlt wetter. As de seespegel omheech giet, dan giet it sâlte wetter mei omheech. En dat drukt de swietwetterbûl dêr boppe-op ek nei boppen ta.
Eins wurdt dêr no al op antisipearre mei it projekt Waterpracht, dat no yn útfiering is yn troch Staatsbosbeheer behearde terreinen. Dat kin helpe om wetter te bergjen en sa foar te kommen dat it fan it eilân ôf streamt, wêrtroch't de swietwetterfoarried krimpt.

Grinzen

Mar ek mei sa'n oanpak rinne je tsjin grinzen oan, seit Kaandorp. "Als je het op de lange termijn bekijkt, zijn er natuurlijk omslagpunten. Dat je ziet dat het niet meer helpt. Dan moet je kijken naar andere oplossingen. Kan ik op een andere manier drinkwater winnen of zijn er andere aanpassingen die ik moet gaan doen?"
Grienestrân1
Swiet wetter rint de dunen út nei de Waadsee op Skylge © Omrop Fryslân, Remco de Vries
It klimaatmodel wurdt kombinearre mei it monitoarjen fan grûnwetterpeilen en it sâltgehalte fan it wetter yn de polder, dêr't de melkfeehâlders fan Skylge buorkje. In grut oantal fan harren praat en wurket mei oan dit projekt.

Praktykproeven

Mar ek Wetterskip Fryslân, de gemeente, rekreaasjeûndernimmers en bygelyks Staatsbosbeheer dogge dat. Ofrûne wike sieten sy mei de wittenskippers oan tafel yn de eardere lânbouskoalle Oost-Terschelling op Lies.
Dêr buorket ek de famylje Cupido, dy't meidocht oan ien fan de praktykproeven. Gerard Cupido: "We hebben twee jaar geleden dertien verschillende soorten gras ingezaaid. Stroken van tien meter breed. Daarvan hebben we geleerd dat bepaalde soorten goed kunnen omgaan met de omstandigheden hier. Die kunnen nogal heftig zijn. Van onderaf hebben we de verzilting, van bovenaf zoutinslag over de zeedijk met zuidenwind en verdroging en ganzendruk."

"Verder kunnen met ons bedrijf"

Cupido hat de proef noch fierder útwreide. "Op het perceel hiernaast gaan we op vier hectare de betere soorten nog een keer inzaaien." Dan wurdt ek sjoen oft dy gerssoarten ek fretten opsmite dat goed is foar de kij.
"We willen voor ons bedrijf kijken hoe we hier verder kunnen met misschien andere soorten gras, de verzilting die eraan zit te komen en het watergebruik. Dat is niet alleen belangrijk voor ons bedrijf, maar voor het hele eiland", seit Cupido. Der komme ek noch proeven mei it fêsthâlden fan wetter yn de polder.
GuozzenSkylge
Guozzen boppe de polder op Skylge © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Wittenskipper Mindert de Vries is út hegeskoalle Van Hall Larenstein wei belutsen by dit klimaatadaptaasjeprojekt. "It is in hartstikke nijsgjirrich proses dat wy hjir op it eilân hawwe", seit De Vries.
"Hast alle partijen dy't mei wetter te krijen ha op it eilân, hawwe wy om tafel. Wy prate dermei en wy sjogge hokfoar belang sy hawwe en hokker problemen. Mei-inoar besykje wy út te finen hoe't wy foarútkomme kinne. Dat is in proses dat stapke foar stapke foarútgiet. Wy ha der alle fertrouwen yn dat wy dat foar elkoar krije."

"Frontliny fan de klimaatferoaring"

It is gjin tafal dat dit op Skylge bart, sa makket De Vries dúdlik. "Skylge is as eilân hielendal troch de see omklamme en dat is fansels yn de frontliny fan de klimaatferoaring. Wy sjogge hjir, omdat wy tinke dat de problemen op Skylge it meast yntinsyf en ekstreem wurde. Dêrom tinke wy ek dat it in hiel goed foarbyld is foar de oare eilannen, mar mooglik ek foar it fêstelân."
De oanpak sa't dy no is op Skylge, wurdt ek wol in Living Lab neamd. Dêrby wurdt ûndersyk kombinearre mei it meipraten, meitinken en ûntwerpen fan oplossingen troch minsken út it gebiet fan it ûndersyk.
Waterpracht2
Swiet wetter tusken de dunen en de bosk op Skylge © Omrop Fryslân, Remco de Vries