Earste anty-pestklinyk fan Nederlân iepene yn Ljouwert
Treiterje, bespotlik meitsje of sels geweld. Der wurdt noch altyd pest, ek yn ús provinsje. En dêrom is der yn Ljouwert no in plak om bern en haren omjouwing te helpen by it oerwinnen fan pestgedrach en it opbouwen fan selsfertrouwen. It is de earste 'anty-pestklinyk' fan Nederlân.
By de iepening fan de klinyk op woansdei wiene in soad minsken oanwêzich. Se lústeren oandachtich nei de ferhalen fan oprjochtster Marijke Keur.
Sy fertelle emosjonearre oer de situaasjes dy't sy as jeugdbehanneler tsjinkaam hat. Bern dy't sa bot pest wurde dat se deroan tinke om harsels tekoart te dwaan, en minsken fan yn de 50 dy't nei jierren noch eltse dei lêst hawwe fan wat yn harren jeugd bard is.
"Pesten doet pijn en daar willen we wat aan doen", seit Keur. Neffens har wie pesten foarhinne al heftich, mei geweld en bûtensluten, mar is it mei de komst fan it ynternet allinnich noch mar tanaam: "Bijvoorbeeld met AI (keunstmjittige yntelliginsje, red.), dan wordt er een hoofd van een kind op iets anders geplakt. Dat is verschrikkelijk."
Klachten troch pesten
Dat peste noch altyd in probleem is, fernimt ek húsdokter Rutger Verhoeff. Hy krijt regelmjittich bern yn syn sprekkeamer dy't klachten ûnderfine trochdat se pest wurde of binne: "Denk dan aan depressieve periodes, sociale angst en minderwaardigheidscomplex. In het ergste geval zelfs PTSS (posttraumatyske stresssteurnis, red) of zelfmoord."
Hy is yn syn jeugd ek pest en wit as gjin oar dat it tige wichtich is om goeie help te krijen. Hy is dan ek bliid dat de anty-pestklinyk der no is. "Hier wordt echt gekeken per persoon naar wat jij op dit moment nodig hebt. En ik denk dat dat heel belangrijk is."
Het vindt op school of bij de sportvereniging plaats. Dan moet je het ook daar aanpakken.
Yn de klinyk wurdt der op ferskate wizen wurke oan it werstel fan bern. Yndividueel, mar as de bern dat wolle, ek yn groepsferbân. De bern leare ûnder oare om te gean mei harren pine, hoe't se striidberder en selsfersekerder wurde kinne en hoe't se sûne relaasjes opbouwe kinne. Sa'n trajekt duorret maksimaal 18 moannen.
En dat bart net allegear efter tichte doarren, fertelt Keur: "Dat kan ook niet. Het vindt op school of bij de sportvereniging plaats. Dan moet je het ook daar aanpakken."
Ek foar pesters
Yn de klinyk binne net allinnich bern dy't pest wurde wolkom, ek de pesters sels meie der oanklopje. Keur fertelt wêrom: "Omdat niemand zo geboren wordt. Er zit iets onder, er is behoefte aan verbinding en aanzien."
Neffens har freegje in soad bern mei pestgedrach faak op in negative wize om oandacht: "We willen ze leren dat je ook op een positieve manier aandacht kan krijgen."