Cultuurfonds liedt needklok: "Vooral cultuur buiten de Randstad wordt hard getroffen"
It belied fan it nije kabinet hat desastreuze gefolgen foar de kulturele sektor. Grutter noch as by de beruchte besunigingen op de sektor ûnder steatssekretaris Halbe Zijlstra tusken 2010 en 2012. Dat seit it Cultuurfonds.
It fûns hat yn gearwurking mei gemeenten, private ynvestearders en kulturele belangebehertiger Kunsten '92 alles trochberekkenje litten. Noait earder wie der sa'n grut ûndersyk yn de sektor.
Vooral cultuur in de regio zal hard worden getroffen.
Neffens dit ûndersyk rinne, troch ferskate maatregels fan it kabinet, de ynkomsten werom mei in bedrach fan tusken de 250 en 350 miljoen euro. Yn de perioade Zijlstra waard lanlik 200 miljoen euro besunige.
"Vooral cultuur buiten de Randstad zal hard worden getroffen", seit Cathelijne Broers, direkteur fan it Cultuurfonds. Se fynt dat opmerklik foar in kabinet dat 'de regio' no just sa heech yn it findel hat.
Alarmearjend
De oarsaak sit 'm yn in mjuks fan maatregels dy't mei-elkoar foar in domino-effekt soargje, docht bliken út it ûndersyk.
"Naast de verhoging van de btw van 9 naar 21 procent en de verhoging van de kansspelbelasting, worden de gemeente- en overheidssubsidies verlaagd en de giftenaftrek aangepast", leit Broers út.
Se fynt it alarmearjend dat de hiele sektor rekke wurdt. "Maar de helft van de instellingen krijgt overheidssubsidie. De andere helft niet, dat deel wordt dan ook zwaar geraakt. Bovendien is er minder kans bij private fondsen omdat er schaarste ontstaat. Het is heel pijnlijk."
Kaarten foar foarstellingen wurde troch de btw-ferheging in stik djoerder. De ferwachting is dat minsken dêrtroch minder faak nei it teäter of nei in muzykoptreden gean sille.
It Cultuurfonds fynt dat it nije kabinet him mei de btw-ferheging te maklik ryk rekkenet. De publyksynkomsten sille fierder weromrinne, ferwachtet Broers.
"Het kabinet gaat uit van een inkomstenverlies van 5 à 6 procent, wij denken eerder aan 9 à 12 procent." Want njonken de hegere btw, wurde ek oare kosten trochberekkene. "Denk aan de stijgende kosten voor personeel, materiaal en energie."
Ek minder jild fan gemeenten
Fierder wurdt foaral de kulturele ynfrastruktuer bûten de Rânestêd hurd rekke, is de ferwachting. "Hier in Friesland is men veel afhankelijk van gemeentegeld."
Mar de lanlike oerheid stelt minder jild beskikber foar gemeenten om harren taken út te fieren; der wurdt besunige op it gemeentefûns.
"Kunst en cultuur is geen wettelijke taak van een gemeente, dus als gemeenten minder geld krijgen, wordt het eerst op cultuur bezuinigd", neffens Broers.
"De kwetsbare infrastructuur buiten de Randstad wordt nu al schade toegedaan, terwijl een discussie over een nieuw bestel om te zorgen dat er juist meer geld naartoe gaat nog moet gaan plaatsvinden."
Wat it Cultuurfonds bot fernuveret, is dat it allegearre maatregels binne fan de ministearjes fan Finânsjes en Ekonomyske Saken.
Deze maatregelen zijn ondoordacht en zo krijgen we ongelukken die men niet had voorzien.
"Het probleem is dat er geen hoofdgedachte achter zit. Het is een ongecoördineerde stapeling van maatregelen. Niemand heeft de moeite genomen om al die maatregelen bij elkaar te leggen. Dat hebben wij nu gedaan. We waarschuwen: bezint eer gij begint."
It Cultuurfonds wol dat kultuerminister Eppo Bruins fan NSC mear rezjy nimt. "Deze maatregelen zijn ondoordacht en zo krijgen we ongelukken die men niet had voorzien."
Wat it Cultuurfonds oanbelanget giet de btw-ferheging fan tafel of op syn minst yn de iiskast, om earst alle effekten better yn kaart te bringen.