Advys Raad voor Cultuur: mear subsydzje nei kultuer yn de regio's

kultuer jild subsydzje
Der moat mear subsydzje nei kultuer yn de regio, advisearret de Raad voor Cultuur © Omrop Fryslân
Subsydzjes foar kultuer moatte better ferdield wurde oer it lân. Dat fynt de Raad voor Cultuur.
Op dit stuit krijt it westen de measte stipe en wurdt de rest fan it lân achtersteld, sa konstatearret de ried. Der moat ek ekstra jild nei kultuer: 200 miljoen euro.
"De cultureel sterke regio's worden steeds sterker, terwijl in andere regio's de kansen en voorzieningen juist afnemen", skriuwt de ried yn in advys foar in nij subsydzjestelsel. Dat advys is makke op fersyk fan de ferantwurdlik steatssekretaris.
De Raad voor Cultuur is it wetlik advysorgaan fan it regear en it parlemint as it giet oer keunst, kultuer en media.
De ried stelt yn it advys ûnder oare dat de regels foar it takennen fan rykssubsydzjes soepeler moatte. No komme dêr allinne projekten foar yn oanmerking dy't in lanlik berik hawwe. Projekten yn de Fryske taal bygelyks berikke in te beheind publyk.
It oanfreegjen fan in subsydzje kin neffens de ried ek ienfâldiger. Ryk, provinsjes en gemeenten hantearje no noch har eigen regels. Wol in organisaasje by twa of trije fan dizze oerheden subsydzje oanfreegje, dan moatte somtiden ferskillende begruttings opsteld wurde.
beskôging Romte troch Tryater
Foarstelling Romte fan Tryater © Bas de Brouwer
De sprieding fan kulturele foarsjenningen kin ek better, fynt de ried. "De woonplaats bepaalt nu te sterk of mensen met creatief talent in aanraking komen met cultuur, of ze ontdekt worden en of ze de kans krijgen om zich te ontwikkelen en door te stromen."
Gefolch dêrfan is dat it oanbod oan kultuer yn de regio's fierder ôfnimt: "Het lokale maakklimaat is in veel delen van het land zodanig dat talent niet opkomt of snel wegtrekt."
De provinsje Fryslân is tige posityf oer de ynstek fan it advys fan de Raad voor Cultuur, benammen wat de regionale sprieding fan kultuermiddels oanbelanget.
"It wurdt heech tiid dat de koeke better ferdield wurdt oer it lân yn stee fan de fokus op Rânestêd. De Ryksoerheid kin eins net om dit advys hinne en sil dus bûter by de fisk dwaan moatte", neffens deputearre Sijbe Knol.
Tagelyk jout de provinsje oan dat it advys noch neat seit oer de úteinlike ferdieling fan middels troch de Ryksoerheid.
Neist feroaringen yn hoe't kultuer subsidiearre wurdt, fynt de ried ek dat der mear jild nei kultuer moat. It giet dan om in bedrach fan 200 miljoen euro yn it jier.
"Zo kunnen we het bestaande koesteren en omarmen wat nieuw of nog ondervertegenwoordigd is. Zo kunnen we binnen en via het cultuurbeleid zichtbaar meer aandacht geven aan elke regio, met alle maatschappelijke meerwaarde in het verschiet die een rijk cultureel leven brengt."

Ien fûns

It jild moat aanst net mear ferdield wurde troch seis ôfsûnderlike kultuerfûnsen, lykas it Fonds Podiumkunsten, it Mondriaanfonds en it Nederlands Letterenfonds. De Raad voor Cultuur wol dat der ien fûns komt, dat yn alle provinsjes in ôfdieling hat, "om alle regio's vanuit cultuurbeleid aandacht te geven".
Oranjewoud Festival, Festival, bern, muzyk, tún, simmer, boartsje
It Oranjewoud Festival © Janita Baron
It wiidweidige advys fan de Raad voor Cultuur is freed presintearre. It giet om in oanset foar in nij stelsel dat yn 2029 yngean moat.
Oant dy tiid moat der noch in soad útwurke wurde. De ried advisearret it regear "om de sector verder te betrekken en zo de creativiteit van makers en van culturele organisaties te benutten", benammen dy yn de regio, sa stelt de ried.