Deputearre entûsjast oer praatsesje mei boeren: "Ien fan de nuttichste gearkomsten"
Soargen oer it guozzebehear en kalinderlânbou. Hoe komt it mei de legalisaasje fan de PAS-melders? Hoe sjocht de provinsje nei de biologyske lânbou? Wat kin de provinsje dwaan oan predaasjebehear? En hoefolle slachkracht hat de provinsje?
It in pear ûnderwerpen dy't foarby kamen by de earste fan trije sesjes mei petearen tusken boeren en lânboudeputearre Abel Kooistra yn Holwert.
Efkes buorkje mei Abel hjitte de gearkomsten. De bedoeling fan de petearen is om ynput op te heljen út it fjild foar de nije lânboufyzje dy't de provinsje skriuwe sil en dy't ein dit jier klear wêze moat.
Kooistra is nei ôfrin fan de earste gearkomste tige entûsjast oer it kontakt mei de boeren. "Ik tink dat it ien fan de nuttichste gearkomsten west hat oant no ta as deputearre", seit er. Hy naam de funksje fan deputearre dizze simmer oer fan Femke Wiersma, dy't lânbouminister wurden is.
Nei it petear yn Holwert tinkt Kooistra der al oer nei om takom jier wer soks te daan. "Dan mei mooglik in oare oanlieding. It it sa nuttich om fan de minsken direkt te hearren wat hâldt harren dwaande, wêr't se har soargen oer meitsje en wat se wolle."
Kooistra dielt de soargen fan de boeren oer de legalisaasje fan PAS-melders. Dat binne boeren dy't bûten harren skuld om net de goede fergunning ha.
PAS-melders hoegden yn it eardere belied gjin fergunning oan te freegjen fan bygelyks in útwreiding fan har bedriuw, mar nei in útspraak fan de Ried fan Steat yn 2019 moatte se dy fergunning wol ha.
It wie it begjin fan de grutte stikstofproblematyk, oanlieding foar boereprotesten en it begjinpunt fan Kooistra syn partij, de BBB.
"Ik meitsje my dêr ek grutte soargen oer", seit Kooistra. Hy hopet dat it nije kabinet derfoar soargje kin dat de PAS-melders legalisearre wurde kinne. Dat soe foar takom jier febrewaris moatte.
Kalinderlânbou fan de baan
Kooistra tinkt dat der ûnder it nije kabinet in ein komme sil oan de kalinderlânbou. Kalinderlânbou hâldt bygelyks yn dat boeren foar en nei bepaalde data net mear stront útride meie en ek dat gewaaksen foar in bepaalde datum fan it lân wêze moatte.
"De kalinderlânbou stiet op losse skroeven en ik tink dat it ôfskaft wurde sil", hold Kooistra syn gehoar foar.
Hy snapt ek de soargen dy't der binne oer de wolf, it guozzebehear en predaasjebehear foar greidefûgels. "Behear is nedich, mar de wet en regeljouwing wurkje faak beheinend", seit Kooistra. Neffens him docht it kollege der alles oan om dêr feroaring yn te bringen.
Noch twa sesjes
Der kamen yn Holwert noch folle mear ûnderwerpen foarby en de jûn rûn aardich út. De measte besikers hienen lof oer de opset fan de jûn en de belutsenens fan Kooistra.
Tagelyk wienen der soargen oer de slachkracht fan de provinsje. De kommende wiken komt Kooistra noch del yn Friens en Easterwâlde.