Fryslân wol noch net reagearje weromdraaien lanlik natuerbelied
Deputearre Abel Kooistra wol noch gjin reaksje jaan op it beslút fan Lânbouminister Femke Wiersma om in streek te setten troch de natuerplannen fan it foarige kabinet. Hy wol pas op it nijs reagearje wannear't it offisjeel befêstige is.
Earder hjoed waard bekend dat Wiersma de plannen fan it Nationaal Programma Landelijk Gebied (NPLG), sa't it offisjeel hjit, skrast. Dat programma waard ynsteld om de natuer op te knappen en it stikstofprobleem op te lossen.
Hoe't de natuerdoelen no wol helle wurde moatte, is noch net bekend. It kabinet komt takom wike mei in regearakkoart dat dêr mooglik mear dúdlikens oer jaan kin.
It NPLG is bedoeld om de natuer op te laapjen, ûnder oare troch rjochtlinen te jaan foar de oanpak fan it stikstofprobleem en ferbettering fan de wetterkwaliteit.
Fan provinsjes waard ferwachte dat sy foar harren gebiet dielplannen yntsjinnen foar de lanlike oanpak. Yn Fryslân wie de ûntwikkeling fan dat dielplan troch Wiersma ôfrûne juny al stilset. Dat die se doe noch yn har funksje as deputearre.
As reden joech Wiersma doetiids oan dat der te folle ûnwissichheid bestiet oer it NPLG. Dat programma wurdt no dus hielendal skrast troch dyselde Wiersma.
Hielendal ûnferwachts is de oanpak fan Wiersma net. It kabinet skraste earder al de subsydzjepot foar de oanpak fan it stikstofprobleem, dêr't noch 20 miljard euro yn siet.
Dernjonken hat de partij fan Wiersma, de BoerBurgerBeweging (BBB), al jierren krityk op de oanpak fan it stikstofprobleem. Hjoed debattearret de Twadde Keamer dêroer mei Wiersma.
Brief fan provinsjes
Ofrûne tiisdei lieten provinsjes fia it Inter Provinciaal Overleg (IPO) noch yn in brief oan de Twadde Keamer witte dat se it wichtich fine dat it NPLG trochset wurdt. Oare provinsjes reagearren hjoed al wol. Sa neamt de provinsje Utert de berjochtjouwing "verontrustend".