Kramer wint ynhelwedstriid by Burgum mei oermacht
Freark Kramer hat de ynhelwedstriid fan it fierljeppen yn Burgum wûn. Kramer kaam ta in kreaze ôfstân fan 21,09 meter.
Dizze wedstriid stie yn earste ynstânsje foar ôfrûne sneon op de planning, mar fanwegen it minne waar koe dat doe net trochgean.
Kramer wint mei oermacht
Moandei wie it wol moai ljepperswaar, en blykber ek moai waar om in goede ôfstân del te setten. De 21,09 meter fan Kramer wie mear as 80 sintimeter fierder as de ôfstân fan de nûmer twa, Bauke de Jong (20,25 meter). Oane Galama makke it poadium kompleet mei 19,41 meter.
By de froulju gie de oerwinning nei Sigrid Bokma - dy't moandei syn jierdei hie - mei 15,28 meter. Pytrix Westra wie goed yn foarm. Sy sprong har bêste ôfstân fan dit seizoen oant no ta (14,95 meter). It wie goed foar it twadde plak.
Mindere dei foar de junioaren
De junioaren lieten dit seizoen wol gauris sjen likegoed mei de senioaren mei te kinnen, mar moandei wie it allegear wat minder. De 19,79 meter fan Germ Terpstra wie noch wol kreas, mar nûmer twa Sietze Ketelaar (18,14 meter) en nûmer trije Mads Tolsma (17,54 meter) hienen net hiel heech einige by de senioaren.
Al moatte we wol opmerke dat Tolsma dit jier noch net sa fier sprongen hie as no.
By de jonges sprong Riemer Zijlstra de fierste ôfstân (17,45 meter). By de famkes gie de oerwinning nei Sanne Bouwstra (14,27 meter).