Omrop Fryslân

Te let pike: ferskate ljeppers komme op It Heidenskip fierder as op FK

Bauke de Jong
© Martin de Jong Fotografie
Bauke de Jong, Sytse Bokma en Germ Terpstra ljepten jûn op It Heidenskip allegear in ôfstân wêrmei't se ôfrûne wykein de Fryske titel pakt hienen. De 20-meters kamen foar harren in pear dagen te let.
De fierste sprong kaam op namme fan De Jong. Dy ljepte mei 20,43 nei de oerwinning by de manlju, foar Bokma (20,09) en Thewis Hobma (19,71).
Nard Brandsma, dy't ôfrûne sneon mei 20,00 meter Frysk kampioen waard, kaam no net fierder as 18,99, goed foar it fjirde plak.
Bauke de Jong wint yn It Heidenskip, mei sprong dy't goed west hie foar titel op FK
De op ien nei fierste sprong fan de dei wie foar junior Germ Terpstra. Hy sette in ôfstân fan 20,24 del. Frysk kampioen Michiel Zijlstra wie der net by op It Heidenskip: hy nimt nei syn titel in pear dagen fakânsje.

Frouljuskampioenen net yn finale

Ek by de froulju stie de Frysk kampioene net yn de finale: Sigrid Bokma kaam net fierder as 14,10. Dêrtroch mocht Hanneke Westert mei 14,86 lang hoopje op har earste oerwinning fan it seizoen, mar Femke Brouwer gong dêr mei de lêste finalesprong oerhinne. De 15,44 wie har bêste sprong fan it seizoen en dat smiet har jûn de winst op.
De iennige Frysk kampioen fan ôfrûne wykein dy't op It Heidenskip ek de winst pakte, wie Brent Monsma by de jonges. Hy ljepte nei 18,69 meter.
By de famkes helle Frysk kampioene Sanne Bouwstra de finale net. Dêr profitearre Noa de Boer fan, dy't nei 15,36 ljepte.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.