Omrop Fryslân

Junioaren ljeppe yn Drylts de senioaren foarby: Terpstra wint wer

Der wie sneon wer in oerwinning foar Germ Terpstra
© Martin de Jong
It wurdt sa stadichoan in weromkommend ferhaal yn it fierljeppen. Junior Germ Terpstra fan Tsjom wûn sneontejûn de wedstriid yn Drylts. Dêr ljepte hy nei 20,94 meter.
Michiel Zijlstra, ek junior, kaam ta in ôfstân fan 20,80 meter. Terpstra en Zijlstra binne dus ek favoryt foar de Sulveren Pols, foar de fierste sprong by it Frysk kampioenskip fan nije wike sneon.
"Wy sjogge ússels net as de favoriten hear", seit Zijlstra nei de wedstriid. "It FK is altyd wer in wedstriid op himsels en dan kin der altyd fan alles gebeure. Dus dat kin alle kanten út."

Fierder as de senioaren

Feit bliuwt wol dat beide junioaren gauris fierder ljeppe as de senioaren dit seizoen. "Ik wit ek net hoe dat komt", seit Terpstra. "Ik doch gewoan myn eigen ding en blykber is dat hiel goed. Dus dat is hiel moai."
Mei syn sprong fan 20,94 meter soarget Germ Terpstra ek foar in opmerklik klassemintsrekôr. Hy bringt it Nederlânsk junioare-rekôr no op 144,60 meter. Mar boppedat is Terpstra no as earste junior ek fierder as alle Fryske senioaren. Ysbrand Galama is dêr Frysk rekôrhâlder mei 144,30 meter.
It klassemint bestiet út de optelsom fan de sân bêste foarrondesprongen fan it seizoen.
Opfallend is dat Zijlstra en Terpstra gauris in rekôr by elkoar út de boeken ljeppe. Earder bruts Terpstra it junioarerekôr en in wike letter kaam Zijlstra dêr wer oerhinne. Dêrnei ferbettere Terpstra dat rekôr wer.
"Wy gunne it elkoar ek", seit Zijlstra. Sy binne al jierren maten en ha tegearre in protte leafde foar it ljeppen. "Dus as ik ris in minne dei ha, dan leit it oan myself. Dan sjogge wy net nei elkoar."
De sprongen fan Germ Terpstra en Michiel Zeilstra
By de senioaren wûn Nard Brandsma mei in sprong fan 20,66 meter. Brandsma wûn dit jier trije wedstriden en dy wiene allegear yn Drylts.
Freark Kramer waard twadde mei 20,25 meter. Hy ferbettere dit seizoen syn PR al nei 21,39 meter en liket de grutste kânshawwer by de senioaren foar de Fryske titel.
Nard Brandsma wûn by de senioaren
© Martin de Jong
De spanning sit dit jier benammen yn de klasse fan de froulju. Dêr is dit seizoen gjin absolute favoryt en der wint gauris in oare namme. Sneontejûn wie dat Femke Rispens. Sy kaam ta in ôfstân fan 16,34. Dat is in nij persoanlik rekôr, en de fierste sprong fan dit seizoen. Rispens is ek de regearend Frysk kampioene.
Twadde waard Sigrid Bokma, dy't 16,11 ljepte. Dat is de ien-nei fierste sprong oant no ta. Bokma pakt sadwaande de leiding yn it klassemint oer fan Inger Haanstra, dy't har PR koartlyn op 16,06 meter set hat.
Femke Rispens en Sigrid Bokma
By de famkes ljepte Sanne Bouwstra in nij PR fan 15,54 meter. Dêrmei is de regearend Frysk famkeskampioene ek in gefaarlike outsider foar de Glêzen Ljepster. Dat is de wikselpriis foar de fierste sprong op it FK by de froulju.
By de jonges gie de winst ferrassende nei Riemer Zijlstra mei 17,41 meter. Grutte favoryt foar de Fryske titel is lykwols Sietse Lefferts. Hy waard yn Drylts twadde (17,23), mar is de ienichste jonge mei in PR boppe de 20 meter. (20,48)
Nije wike sneon is it Frysk kampioenskip fierljeppen, de grutste wedstriid fan it jier. Omrop Fryslân stjoert dat fan 13.00 oere ôf live út op ynternet, radio en telefyzje.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.