Omrop Fryslân

Germ Terpstra ljept nij Frysk junioarerekôr op Nasjonale Fierljep Manifestaasje

Germ Terpstra ljept in nij Frysk junioarerekôr
© Martin de Jong
It reint dit jier rekôrs by it fierljeppen. By de Nasjonale Fierljep Manifestaasje op It Heidenskip ljepte Germ Terpstra nei 21,31 meter. Sa fier wie in Frysk junioareljepper noch noait kaam.
Terpstra hat dêrmei syn Frysk junioarerekôr werom. Hy skerpe it rekôr dit seizoen twa kear oan, mar twa wiken lyn pakte Michiel Zijlstra it rekôr fan Terpstra ôf, troch yn Burgum nei 21,30 te ljeppen.
Op de Nasjonale Fierljep Manifestaasje, wêrfoar't elkenien him ynskriuwe mei, gong Terpstra dêr yn de finaleronde wer mei ien sintimeter oerhinne.
De rekôrsprong fan Germ Terpstra:
Nij Frysk junioarerekôr foar Germ Terpstra
Terpstra hat noch krekt net it nasjonale junioarerekôr yn hannen: dat stiet al hast fiif jier op namme fan Reinier Overbeek út Benschop, dy't doe yn Burgum nei 21,38 ljepte.
Germ Terpstra is noch wat ferstuivere nei it ljeppen: "Hartstikke moai dat it hjoed sa koe"
It is dus al wol de fjirde kear dit seizoen dat it Frysk junioarerekôr ferbettere wurdt. De ôfstân fan Terpstra, dy't er yn syn earste sprong fan de jûn delsette, wie nei hast trije oeren, doe't de ljepperij dien wie, noch hieltyd de fierste sprong.

Ferbetteringen Frysk junioarerekôr

Datum en plak Ljepper Ofstân
25/05, Drylts Germ Terpstra 21,06
22/06, It Heidenskip Germ Terpstra 21,20
20/07, Burgum Michiel Zijlstra 21,30
03/08, It Heidenskip Germ Terpstra 21,31
Elkenien kin him ynskriuwe foar de Nasjonale Fierljep Manifestaasje. Oerdeis binne de foarrondes, de bêste ljeppers geane troch nei de finales.
By de senioaren wie de fierste sprong fan de jûn ek fan in Fries. Bauke de Jong ljepte nei 20,90 meter en bleau dêrmei Erwin Timmerarends en Sander van Vliet, beiden fan de Polsstokbond Holland, foar.
Bauke de Jong: "Wy binne earste wurden mei it NFM, prachtich"

Friezen oppermachtich

It wie hielendal in moaie jûn foar de Fryske ljeppers. Tessa Kramer, in Friezinne om utens, kaam it fierst by de froulju. Se notearre 15,53, foar Suzanne Mulder en Douwina de Jong.
Germ Terpstra pakte dus mei ôfstân de oerwinning by de junioaren. Achter him waard Michiel Zijlstra twadde, Wisse Broekstra tredde.
Ek by de jonges en de famkes gong de oerwinning nei Fryslân: Sietse Lefferts (19,11) en Sanne Bouwstra (15,03) pakten de winst.

Rein en tsjuster

De ljepperij lei ferskate kearen stil en rûn út. Al by de tredde sprong wie it foar guon ljeppers sa tsjuster dat se de stok net mear goed sjen koenen. Dêrom waard der gjin fjirde kear sprongen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.