Omrop Fryslân

Triemstra en Van der Bos keatse noch ien jier troch: suksesduo wol revâns nimme op "rotjier"

Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra
© Dijks Media
Keatsers Taeke Triemstra en Gert-Anne van der Bos plakke der noch ien jier oan fêst. "Dat wurdt dan ek it lêste jier."
Triemstra (41), de lieder fan it ivige punteklassemint, hie earder al sein dat dit seizoen mooglik syn lêste wurde soe. En foar himsels hie er eins al besletten dat er ophâlde soe, makket er no bekend. "Mar in pear wiken lyn kaam Gert-Anne nei my ta."
Van der Bos (35) sit ek yn de neidagen fan syn keatskarriêre. Dit jier kwakkele er mei in blessuere. Hy miste it begjin fan it seizoen troch in brutsen 'fuotwoartelbonkje', dat op de boppekant fan 'e foet sit.
"It wie in swier jier. Yn febrewaris bin ik operearre en dus moast it fan fier wei komme. Ik fernim it noch hieltyd, dy foet seurt wat."
Gert-Anne van der Bos en Taeke Triemstra
© Dijks Media
It partoer fan Van der Bos, mei dêryn ek achterynse Erwin Zijlstra, pakte ûnder oare dêrtroch dit jier noch gjin inkelde earste priis op 'e haadklasse. Yn juny degradearren se sels tydlik nei de earste klasse. Utsûnderlik.
"Foar mysels hie ik it al ynkalkulearre dat it in minder jier wurde soe", seit Van der Bos. Mar sa wol er gjin ôfskied nimme en dus gong er in pear wiken lyn it petear oan mei syn maat Triemstra. Sille we noch ien jier troch?
Dêr kin ik net oer.
Taeke Triemstra wûn dit jier gjin inkelde earste priis yn de frije formaasje
Dy moast der even oer neitinke. Triemstra: "It hat in rotjier west, mei dy blessuere fan Gert-Anne. Takom jier wol er revâns en dat wol er mei my dwaan. Ik seach even nei it thúsfront, mar dy stypje my altyd."
Ek Triemstra tinkt dat der - nettsjinsteande dit mindere seizoen - noch genôch yn sit. "We kinne it echt noch wol. Dit jier ha we heechút wat twadde en tredde prizen, dêr kin ik net oer. Mar by fleagen litte we it noch altyd sjen dat we it wol kinne."
Selsfertrouwen genôch yn alle gefallen. "As ik sjoch nei mysels, dan bin ik noch altyd ien fan de bêste foarynsen."
Taeke Triemstra
© Dijks Media
Hy kin takom jier syn 25e PC keatse. "Dat is ien fan de redenen dat ik troch wol. Yn it PC-klassemint stean ik noch mar ien puntsje ûnder Hotze Schuil. Dy soe ik dus noch ynhelje kinne. Dat is gjin doel op himsels, mar it soe wol moai wêze."
Se geane it kommende seizoen ek wer yn mei Erwin Zijlstra as achterynse. Dat wie noch net wis, want der wie praat dat de jonge Rick Minnesma it partoer fersterkje soe.
"Je ha wolris kontakt, je hâlde elkoar yn de gaten. Mar we geane mei ús trijen troch. Krekt as de ôfrûne fjouwer jier."
Erwin Zijlstra, Taeke Triemstra en Gert-Anne van der Bos
© Dijks Media
Yn dy formasje wûnen se yn 2021 de PC. Dat wie Zijlstra syn earste kear, Van der Bos en Triemstra ha de belangrykste keatswedstriid fan it jier al seis kear op harren namme skreaun.

"Noch ien kear alles út de kast"

Sûnt juny 2010 keatse Van der Bos en Triemstra al yn itselde partoer. Dêr komt dus noch ien jier by. "As je sjogge wat we allegear dien ha, dan is dat grandioas", beslút Van der Bos. "We helje noch ien kear alles út de kast."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.