Brandsma wint Sulveren Pols op FK fierljeppen, Bokma de bêste by de froulju
Nard Brandsma hat de Sulveren Pols wûn op it FK fierljeppen yn Winsum. Hy sprong mei 20,00 meter de fierste ôfstân fan de dei. By de froulju wie Sigrid Bokma fan Hylpen de bêste mei 16,42 meter. Dêrmei wint Bokma de Glêzen Ljepster.
Nei de foarronde wie de ôffallende ôfstân fan 20,00 meter fan Nard Brandsma al de fierste sprong. De ferwachting wie dat dy ôfstân by de finalesprongen flink ferbettere wurde soe, mar de topsprongen bleaunen ek doe út.
Dêrmei gie sawol de Fryske titel by de senioaren as de Sulveren Pols dus nei Brandsma. Trijefâldich kampioen Oane Galama fan Hilaard waard twadde mei 19,92 meter en Rutger Haanstra fan It Heidenskip waard tredde mei 19,85 meter. Al dy ôfstannen waarden delset yn de foarronde.
De winnende sprongen op it FK fierljeppen
By de froulju waard wol in stik fierder sprongen as ferline jier. Bokma sprong yn de finale 86 sintimeter fierder as de winneres fan ôfrûne jier. Hanneke Westert fan Snits waard twadde mei 15,57 meter. Inger Haanstra fan It Heidenskip sprong mei 15,34 meter nei it tredde plak ta.
Favoriten by de junioaren
Yn it foar waarden junioaren Germ Terpstra fan Tsjom en Michiel Zijlstra fan Easthim ek sjoen as favoriten foar de Sulveren Pols, mar dy favoriterol koenen se net wiermeitsje. Mei Sietze Ketelaar fan Heech kamen se wol yn de junioarefinale.
Zijlstra waard mei 19,69 meter de winner, foar Terpstra mei 19,20 meter en Ketelaar mei 18,12 meter.
By de jonges wie Brent Monsma fan Tsjummearum de bêste. Hy sprong mei 19,60 meter in nij skânsrekôr foar syn kategory. Martijn Zuidersma waard mei 19,10 meter twadde en de tredde priis wie mei in sprong fan 18,09 meter foar Sietse Lefferts fan Bûtenpost.
Sanne Bouwstra út Reduzum wûn as earste ea foar it twadde jier op rige de Fryske titel by de famkes. Mei 14,82 meter wie se in stik better as de konkurrinsje. Noa de Boer fan Eksmoarre waard twadde mei 13,50 meter. It brûns wie foar de sprong fan 13,33 meter fan Daniëlle Hielema fan Grijpskerk.