Omrop Fryslân

Dútske dielsteat jout fergunning foar boarjen by Skiermûntseach

It boarplatfoarm fan ONE-Dyas op de Noardsee
© Greenpeace
It Nederlânske enerzjybedriuw ONE-Dyas mei de kommende achttjin jier by Skiermûntseach nei gas boarje yn de Noardsee. It Bureau voor Mijnbouw, Energie en Geologie (LBEG) yn de Noard-Dútske dielsteat Nedersaksen hat hjirfoar in fergunning jûn.
It betsjut dat ONE-Dyas no alle fergunningen yn Dútslân en Nederlân binnen hat foar it projekt. It Nederlânske bedriuw wol letter dit jier mei de wurksumens begjinne.
De boarrings binne pland op in djipte fan 1,5 kilometer oant 3,5 kilometer. De ferwachte hoemannichte te winnen ierdgas foar it folsleine projekt fariearret fan 4,5 miljard kubike meter oant 13 miljard kubike meter.

Protest

It projekt stjit noch altyd op grutte beswierren. Miljeubeskermingsgroepen en eilânbewenners yn Dútslân en Nederlân binne tsjin it projekt. Yn Dútslân bestiet noch de mooglikheid om tsjin de fergunning yn berop te gean.
ONE-Dyas-topman Chris de Ruyter van Steveninck is bliid mei de fergunning. "Het verkrijgen van groen licht in zowel Nederland als Duitsland laat zien dat we het juiste doen en dat we het project overtuigend hebben ontwikkeld."

Ympakt op omjouwing

Underdiel fan de fergunningsoanfraach wie in útwreide miljeu-effektrapportaazje dêr't út blykt dat it projekt gjin signifikant negative ympakt hat op de omjouwing.
"Deze conclusie komt overeen met die van het Nederlandse milieueffectrapport, het meest uitgebreide onderzoek ooit naar de milieueffecten van een gaswinningsproject in Nederland", stelt ONE-Dyas.
Aksjefierders fan Greenpeace by it boarplatfoarm by Skiermûntseach
© Greenpeace
It bedriuw wol ein dit jier it earste ierdgas leverje oan de Nederlânske en Dútske húshâldens en bedriuwen. Earder dizze moanne ynstallearre it dêrfoar in boarplatfoarm yn it Nederlânske part fan de Noardsee.

Oanlis stroomkabel ferbean

Oft de boarplannen trochgean kinne, is noch net hielendal wis. De rjochtbank yn it Dútske Oldenburg ferbea foarige wike de oanlis fan de kabels dy't it boarplatfoarm fan griene stroom foarsjen moat.
Miljeu-organisaasje Deutschen Umwelthilfe (DUH) hie beswier makke tsjin de oanlis fan de kabel om't de wurksumens natuerlike riffen beskeadigje kinne soene.

Plannen fertrage

ONE-Dyas befêstiget dat troch de útspraak fan de Dútske rjochter mooglik inkelde fertraging ûntstean kin. "Maar we gaan ervan uit dat we dit in onze planning kunnen inpassen, zodat we eind dit jaar het eerste gas kunnen leveren."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.