FIDEO: Aksje fan Greenpeace by boarplatfoarm boppe Skiermûntseach
Dit is de aksje fan Greenpeace
Sa'n tweintich demonstranten fan Greenpeace út Nederlân en Dútslân protestearje tsjin it boarplatfoarm dat gaswinningsbedriuw ONE-Dyas yn de Noardsee by Skiermûntseach bouwe wol.
Neffens Greenpeace hawwe achttjin aktivisten trije driuwende eilannen ferankere op it plak dêr 't it platfoarm komme moat. Oare demonstranten protestearje yn boaten en kajaks mei spandoeken.