Omrop Fryslân

Toppers fan de takomst helje út op it FK fierljeppen jeugd

Friso Hobma, Else Klijn Velderman, Bente Folkje de Boer, Sander Postma
© Martin de Jong
Der stiet in talintfolle nije lichting fierljeppers klear foar de takomst. Sa docht sneon bliken op it FK foar de jeugd yn Drylts. Leafst fjouwer Nederlânske rekôrs soargen foar it meast suksesfolle FK oant no ta.
De tolfde edysje fan de Fryske kampioenskippen foar jeugd yn Drylts hie in bysûnder heech nivo. Trije kampioenen pakten de titel mei in nasjonaal rekôr.
FK fierljeppen jeugd
By de famkes oant en mei tolve jier gie de titel nei Else Klijn Velderman út Koudum. Sy kaam yn har lêste finalesprong ta 10,78 meter, in nij Nederlânsk rekôr (wie 10,62). It sulver gie nei Fardau Schaap (9,62) en Nienke Galema waard tredde (9,26).
Sander Postma fan Tsjerkgaast waard Frysk kampioen by de jonges oant en mei tolve jier. Hy kaam ta 11,04 meter. Dat wie rom fierder as Johannes Vogel (10,25) en Floris Berg (10,18).
Friso Hobma ljepte in nij Nederlânsk rekôr fan 11,02 meter
© Martin de Jong
By de jonges oant en mei tsien jier ljepte favoryt Friso Hobma út Harns yn in nij Nederlânsk rekôr fan 11,02 meter (wie 10,66) yn syn lêste finalesprong nei syn twadde Fryske titel. Op grutte efterstân waarden Jelte Smink (9,26) en Derk Smedema (8,57) twadde en tredde.

Trije persoanlike rekôrs

By de famkes oant en mei tsien jier wie Bente Folkje de Boer in klasse apart. Fia in persoanlik rekôr fan 8,62 meter kaam se yn de foarronde ta in Nederlânsk rekôr fan 9,32 meter (wie 9,09).
Yn har lêste finalesprong gie se dêr nochris oerhinne mei 9,48 meter. Dêrmei waard it talint út Bûtenpost de terjochte Fryske kampioene yn de jongste kategory. Marijtje Bouwman (8,39) en Mered Haanstra (7,94) pakten de oare medaljes.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.