Saak tsjin Joost Klein rint út: advokaat yn Sweden wachtet noch op oersettingen
De Sweedske advokaat fan Joost Klein ferwachtet pas oer in pear wike fierder te kinnen mei de saak tsjin de artyst. Hy wachtet noch op de oersetting fan de tsjûgeferklearringen út Nederlân, dy't op it stuit by it Sweedske Iepenbier Ministearje lizze.
Dat lit de advokaat witte oan it ANP.
It Sweedske IM lit witte dat de ferklearringen woansdei ûntfongen binne. Nei't se oerset binne, fergeliket it IM de ferklearringen mei de rest fan it ûndersyk.
Noch gjin beslút oer ferfolging
"As wy oardielje dat it bewiis tarikkend is, stjoere wy alle ynformaasje nei de fertochte en syn advokaat foardat wy beslute oft wy him ferfolgje wolle of net", seit it Sweedske IM. It is net bekend hoelang't dat krekt duorret.
Moandei waard bekend dat it Nederlânske Iepenbier Ministearje op fersyk fan it Sweedske IM nije tsjûgen heard hat yn de saak tsjin de Britsumer. It is net bekend makke wa't dy tsjûgen binne of hoefolle tsjûgen heard binne.
De sittingsdatum waard earder ferpleatst omdat de tsjûgen út Nederlân heard wurde moasten.
"Dreigende beweging"
Yn maaie waard Klein diskwalifisearre by it Eurovisie Songfestival nei in ynsidint achter de skermen. Neffens omrop AVROTROS soe de artyst "een dreigende beweging" makke ha nei in kamerafrou. It wie foar it earst dat in dielnimmer diskwalifisearre waard foar de finale.
It is net bekend wannear't de saak tsjinnet.