Omrop Fryslân

Joost Klein foar België nei it Songfestival? "In theorie geen probleem"

Joost Klein
© ANP
Joost Klein fan Britsum sjocht it wol sitten om yn 2025 foar België mei te dwaan oan it Eurovisie Songfestival. Mar hoe serieus moatte we dy opmerking nimme?
It barde ôfrûne sneon by it festival 'Genk on Stage', dêr't Klein optrede. Yn it publyk seach hy in buordsje mei de tekst 'Joost Klein Eurovision 2025???' en de Nederlânske flagge dêrby.
"Hé wacht eens even. Ik zie daar een bord, maar wie zegt dat ik voor dat land ga?", sei Klein. "Hé Studio Brussel, regel iets. Bel me. Volgens mij mag er weer iemand van deze kant van het land heen, heb ik begrepen."
Yn België wikselje de Flaamske en Waalske omrop elkoar ôf wa't de ynstjoering fan it Songfestival bepale mei.
Peter van de Veire is Songfestivalkommentator by de VRT, de Flaamske publike omrop. Neffens him is Klein mear as wolkom yn België, mar hy twivelet deroan oft it foar de Britsumer ferstannich wêze soe.
"Hij heeft bewezen dat hij de wedstrijd helemaal niet nodig heeft om een wereldster te zijn. En vooral: kan hij een minstens even goeie song maken als Europapa?"
It is net ûngewoan dat immen foar in oar lân meidocht. Sa hat de groep Feminnem yn 2005 songen foar Bosnië & Herzegovina en yn 2010 dienen se mei foar Kroäsië.

Eurosong

"Nu is het wel zo: wij organiseren Eurosong", seit Van de Veire. Dat is de Belgyske foarronde foar it festival. "De kandidaten die meedoen zijn eigenlijk altijd Vlamingen. Wel won de Waal Axel Hirsoux in 2014 en ging hij als niet-Vlaming naar het Songfestival. Dus in theorie: geen probleem."
Hoe siet it ek alwer mei Joost Klein en it Songfestival?
Joost Klein mocht ôfrûne jier foar Nederlân meidwaan oan it Eurovisie Songfestival yn Malmö. Mei it ferske 'Europapa' wie hy ien fan de grutte publyksfavoriten.
Klein kwalifisearre him foar de finale, mar nei ôfrin fan syn optreden yn de heale finale gie it mis. Hy soe in 'driigjende beweging' rjochting in kamerafrou makke hawwe. Klein waard doe diskwalifisearre.
De fraach is wol: hat Joost Klein nocht om earst mei te dwaan oan in Belgyske foarronde om dêrnei nochris it hiele Songfestivalproses troch te rinnen. "Dat wordt weer een loodzware competitie, vol prikkels waar hij to-taal geen controle over heeft."
En dat lêste is no krekt dêr't Klein by it ôfrûne Songfestival safolle lêst fan hie.
Van de Veire sjocht it dêrom net sa gau barren. "Het is hem gegund en ik wil hem met open armen ontvangen, maar hij had nu de timing én de sfeer mee. Niemand die kan voorspellen wat Vlamingen en Europeanen er over een half jaar van vinden."

Rjochtsaak?

Wat ek noch meispilet, is dat der noch hieltyd in juridyske proseduere rint nei oanlieding fan de klacht fan de kamerafrou nei wa't Klein in driigjende beweging makke hawwe soe.
Van de Veire hâldt him dêroer foarearst op de flakte. "We weten nog altijd niet wat daar exact gebeurd is, dus is het ook lastig om daar nog veel over te zeggen."
De Sweedske iepenbier oanklager, Fredrik Jönsson, hat yntusken in 'European Investigation Order' útfeardige. Dêrmei is it mooglik om Nederlânske tsjûgen te hearren oer it ynsidint.
Joost Klein by it Songfestival
© Sarah Louise Bennett / EBU
"Der is dêrom op dit stuit noch gjin tiidpaad bekend", lit Jönsson witte. It is noch ûndúdlik oft en wannear't der in rjochtsaak komme sil.

Undersyk Songfestivalorganisaasje

It ynsidint mei Klein yn Malmö hat hoe dan ek in lange neisleep. De omrop dy't ferantwurdlik is foar de Nederlânske ynstjoering op it Songfestival, AVROTROS, hat al witte litten net oan it folgjende Songfestival mei te dwaan as der gjin maatregels naam wurde om de feilichheid fan artysten te beskermjen.
Yn Malmö hawwe efter de skermen ferskate ynsidinten west. Sa binne artysten tsjin harren sin yn filme. Neffens Klein wie dat ek de reden wêrom't hy lilk op de kamerafrou reagearre hawwe soe.
Joost Klein yn de heale finale fan it Songfestival
© EBU/Eurovision, Corinne Cumming
De organisaasje fan it Songfestival, de European Broadcasting Union (EBU) hat in ûnôfhinklik ûndersyk útfiere litten nei alle ynsidinten by it ôfrûne Songfestival. De konklúzjes dêrfan waarden moandei publisearre.

Ferbetteringen op it gebiet fan feilichheid

Neffens de EBU binne der meardere gebieten wêrop't de Songfestivalorganisaasje ferbetteringen trochfiere kin. Dat wolle se dwaan op trije tema's: de struktuur fan de EBU, feilichheid- en risikomanagement en belutsenheid fan it publyk.
Mar hoe't de EBU dêr krekt ynfolling oan jaan sil, is noch net dúdlik. Ek wurdt der net konkreet ferwiisd nei de ynsidinten yn Malmö.
It is noch mar de fraach oft it statement fan de EBU genôch is foar omrop AVROTROS om takom jier wer mei te dwaan. "We zijn blij dat er serieuze aanbevelingen gedaan worden om de gehele organisatie tegen het licht te houden. Het lijkt erop dat de EBU serieus werk wil maken van structurele veranderingen", seit in wurdfierder fan de omrop.
"We gaan de komende periode nauwlettend volgen of woorden worden omgezet in daden en zullen aan de hand daarvan onze deelname in 2025 overwegen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.