Omrop Fryslân

Boeren yn feangreidegebiet hawwe mear grûn nedich as it wetterpeil omheech giet

De dielnimmmers oan it projekt 'Kânsen op fean' mei projektlieder Jelle Zijlstra
© Omrop Fryslân
As it wetterpeil yn de Fryske feangreide omheech giet, hawwe de boeren yn it gebiet foar in goed perspektyf mear grûn nedich. Dat is ien fan de konklúzjes fan it rapport 'Kânsen op Fean yn 2030'.
Neffens it rapport fan de lânbou-universiteit fan Wageningen is it buorkjen op de feangreide ek yn 'e takomst goed mooglik. De universiteit hat mei acht boerebedriuwen yn it gebiet takomstplannen makke en trochrekkene. De boeren kinne ek mei in heger wetterpeil trochbuorkje, mar moatte dêrfoar de bedriuwsfiering wol oanpasse.
Feangreideboeren hawwe mear grûn nedich
"Wy wolle foarút, wy wolle allegearre boer bliuwe", seit melkfeehâlder Jan Veldman út Haskerdiken. "Mei in heger wetterpeil is ekstinsivearje nedich om it oantal kij datst hast te hâlden en sa je ynkommen en de takomst feilich te stellen."
Veldman is al de tredde generaasje boer op deselde pleats. Hy wol ek de fjirde generaasje graach de kâns jaan om troch te buorkjen, as dy der nocht oan hat. Veldman buorket flak by natuergebiet De Deelen yn it pilotgebiet fan de wetterpeilferheging en hat op mar leafst 70 persint fan syn lân te krijen mei beheinings.
Veldman oerwaget dêrom om biologysk fierder te buorkjen.

'Molkeproduksje sil weromrinne'

"Yn myn eagen moat der grûn by", seit ek Jacoba Westra fan De Lemmer. "Mar dat is net maklik, want wy buorkje op in eilân oan De Brekken en dêr komt net mear grûn. Je moatte dan omsjen nei grûn op ôfstân, mar dat is wol bewurklik en dat kostet ek wat."
De pleats fan Westra en har man Gooitzen van der Werf mei 150 kij is ek soarchbuorkerij en teeskinkerij. Dat soarget foar ekstra ynkomsten, mar neffens Westra mei de melkfeehâlderij dêr net finansjeel fan ôfhinklik wêze. By in heger wetterpeil sil de molkeproduksje op it bedriuw weromrinne, sa is de ferwachting.
Dizze boeren kieze net foar ekstinsivearring omdat se dat sa graach wolle, mar omdat de omstannichheden harren dy kant op drukke
Jelle Zijlstra fan de lânbou-universiteit Wageningen
"Dizze boeren kieze net foar ekstinsivearring omdat se dat sa graach wolle, mar omdat de omstannichheden harren dy kant op drukke", fertelt projektlieder Jelle Zijlstra fan de lânbou-universiteit Wageningen. "In heger wetterpeil liedt al gau ta 10 oant 15 prosint ferlies oan produksje", seit de projektlieder.
Hy fynt it hiel moai hoe't de dielnimmende boeren allegearre sels aktyf oan de slach gien binne mei it perspektyf fan it eigen bedriuw yn de wittenskip dat it wetterpeil in kear omheech gean sil. De boeren rekkenje yn dat gefal wol op kompensaasje fan de oerheid yn de foarm fan grûn of jild.
De provinsje Fryslân hat hjirfoar ferline wike de kompensaasje systematyk feangreide presintearre yn gearwurking mei de lânbousektor. Utgongspunt hjirby is dat in boer der net op achterút heart te gean as gefolch fan in ferheging fan it wetterpeil.

Perspektyf foar folgjende generaasje

Haye Ketelaar út Heech soe, as de kâns him foardocht, by foarkar noch in kear útwreidzje wolle mei 30 kij boppe-op de 150 dy't er no hat. "Myn stâl stiet lang net fol. As ik der in kear grûn by krije kin, soe ik graach útwreidzje wolle, sadat der ek perspektyf is foar de folgjende generaasje. As myn soan der in kear by yn komt, moat it bedriuw genôch opsmite foar twa húshâldings."
Ketelaar is yn de ruilferkaveling fan 2000 mei syn bedriuw ferhuze fan in wiete lokaasje oan de súdkant fan Heech nei in plak tusken Heech en Nijesyl yn de ferwachting dat hy dêr tsientallen jierren foarút kinne soe.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.