Provinsje en wetterskip wiis mei fundearringsadvys

Oare fundearringsskea yn de Groote Veenpolder
Fundearringsskea yn de Groote Veenpolder © Rob de Wind
Eigeners fan huzen mei fundearringsskea moatte holpen wurde en it Ryk moat dêr jild foar frijmeitsje. Dat is de kearn fan it advys fan de Raad voor de Leefomgeving en Infrastructuur (Rli) oer de fundearringsproblematyk.
Foar it oanpakken fan it probleem is de kommende 12 jier 12 miljard euro nedich. De Rli pleitet foar in nasjonale oanpak ûnder lieding fan in nasjonaal koördinator en ien ferantwurdlike minister.

"Utdaging te grut foar regionale oerheden"

De provinsje en wetterskip Fryslân binne it fan herte mei dit advys iens. Fryslân hat neffens deputearre Friso Douwstra alle belang by in nasjonale oanpak, want ek yn de Fryske feangreide steane aardich wat gebouwen mei fundearringsproblemen.
Neffens skattingen fan de Raad voor de leefomgeving en infrastructuur giet it yn Fryslân nei alle gedachten om sa'n 12.500 wenten. "Ik bin echt hiel bliid mei dit advys, want dizze útdaging is te grut foar de regionale oerheden", sa seit deputearre Douwstra. "Wetterskip, provinsje en gemeenten kinne dit net allinnich oplosse."

Fundearringsloket

Provinsje en wetterskip iepenen ôfrûne freed in digitaal fundearringsloket. Op dat plak binne oant no ta 13 meldings binnenkaam fan húseigeners mei skea. Fierder wurde mei help fan fjouwer prosesbegelieders petearen fierd mei de eigeners fan 13 slim skansearre 'koade-read-gefallen' yn de Grote Veenpolder yn Weststellingwerf.
"Mei alle útdagings en alle emoasjes dy't dêr ek by hearre geane dy petearen best goed", seit Douwstra. Hy ferwachtet dat de provinsje mei de measte húseigeners wol ta oerienstimming komme sil.
De Fryske oerheden fiele harren troch it advys fan de Raad voor de Leefomgeving en Infrastructuur bemoedige om troch te gean mei de Fryske oanpak, mar sille dy wol ôfstimme mei it Ryk, sadree't de lanlike oerheid mei regelingen komt.

Ynformaasje oer steat fan fundearring by ferkeap

As foarsitter fan de Fryske fundearringstafel skreau boargemaster Van de Nadort fan Weststellingwerf al yn 2022 in rapport oer de fundearringsproblemen yn it Fryske feangreidegebiet. "Het gaat om een maatschappelijk probleem dat opgelost moet worden. Het is van belang dat je als overheid laat zien dat je naast de inwoners gaat staan. Je moet vanuit vertrouwen mensen verder helpen en daar heeft het de laatste jaren aan geschort."
De boargemaster is ek bliid mei it advys om huzeferkeapers mei yngong fan 2029 te ferplichtsjen om by eltse ferkeap ynformaasje te jaan oer de steat fan de fundearring. It probleem dat húseigeners gjin idee hawwe oer hoe goed of min de fundearring ûnder harren hûs is ferdwynt dan op termyn.
Yn 'e praktyk spylje fundearringsproblemen benammen by huzen dy't foar 1970 boud binne mei in houten fundearring of in fundearring dy't te koart is.