Keninginne Máxima iepenet fernijd Museum Hylpen: "Het is een mooie mix"
Foar Hylpen wie it tiisdei in bysûndere dei. Kloften Hylpers en net-Hylpers stiene by de kant fan de dyk del: de stêd krige keninginne Máxima op besite. Sy wie dêr foar de iepening fan it folslein fernijde Museum Hylpen.
"Wy moatte in bytsje foaroan stean, sa faak sjogge we de keninginne net", laket in frou dy't in moai plakje lâns de rûte hat.
Hylpen rint út foar de komst fan de Keninginne
Nei in ûntfangst yn de Grutte Tsjerke fan Hylpen troch de kommissaris fan de Kening Arno Brok en boargemaster Jannewietske de Vries fan Súdwest-Fryslân makke de keninginne har op foar de iepening fan it nije museum.
Museum Hylpen
It museum Hylpen, dêr't sawat de hiele Hylper skiednis tentoansteld wurdt, is de ôfrûne tiid kompleet fernijd. Yn oanrin nei de besite is nochris in hiel soad wurk ferset, fertelt direkteur Bernard Hilgers. "De afgelopen dagen heeft er een soort metamorfose plaatsgevonden."
Al dy tariedingen. En doe wie it sa fier: mei it setten fan de lêste skilderstreek troch de keninginne is it fernijde Museum Hylpen offisjeel iepen. "Ik heb m'n best gedaan", laket Máxima.
By de rûte del rinne Hylpers yn tradysjonele dracht, is muzyk te hearren en wurdt dûnse. Hjir en dêr hâldt de keninginne efkes ho om it allegearre te besjen.
Rûntsje museum
Mei de kommissaris fan de Kening, boargemaster De Vries en direkteur Hilgers fan it museum makket se in rûntsje troch it museum. Fan âlde klean oant skilderijen fan Hylper binnenromten, Hilgers hat oeral in ferhaaltsje by.
"Het is heel mooi", seit de keninginne. "Het is een mooie mix van iets wat zo van Hindeloopen en van Zuid-Friesland is. En dan in een nieuw jasje."
It fernijde museum fynt se "toegankelijk" én "interessant".
Keninginne Máxima oer it fernijde museum yn Hylpen
Hoe't it sa kaam dat Máxima nei Hylpen ôfreizge? "Het leek ons heel mooi", seit Hilgers. "En het Koninklijk Huis heeft ook met meubel- en schilderkunst al een langere traditie van verbondenheid, waardoor het dan makkelijker is om dat te vragen. Als je dan ook nog een goed verhaal hebt."
Nei't keninginne Máxima it museum troch west hat, is it middeis tiid foar de Hylpers sels: sy meie om 17.00 oere nei binnen ta om it nije museum te besjen.