BBB hopet foar simmer ferfanger te hawwen foar deputearre Wiersma
De fraksje fan de BBB yn de Provinsjale Steaten is grutsk dat deputearre Femke Wiersma minister fan Lânbou wurdt. Foar fraksjefoarsitter Abel Kooistra kaam it wol as in ferrassing, ûnder mear om't se ferline jier begûn as deputearre.
"Dit lit wol sjen hoe goed oft se it dien hat", seit Kooistra. "Neffens my hat der altyd wol kontakt west en se past yn it profyl." Wiersma wie earder fraksjemeiwurker yn de Twadde Keamer fan Caroline van der Plas, doe't de BBB noch ien sit hie.
BBB-DNA
Neffens Kooistra hat Wiersma genôch dossierkennis en hat se echt "BBB-DNA". Wiersma wie foar de provinsje ûnder mear ferantwurdlik foar lânbou- en stikstofbelied. "It is in grutte put, dan moatte je wol de juste minsken hawwe."
No't Wiersma fuortgiet nei Den Haag, moat de BBB-fraksje in nije deputearre foardrage. Kooistra hopet dat dit noch foar de simmer bart. "Dêr hat elkenien baat by, har kollega's, Provinsjale Steaten en de provinsje Fryslân."
Foar it simmerreses binne der noch trije Steategearkomsten, de lêste is op 17 july.