Omrop Fryslân

Poepskeppers moatte fan it Nannewiid wer swimwetter meitsje

Guozzepoep op de steiger by it strân
© Omrop Fryslân
Mei skeppen, biezems en harken yn de oanslach geane se de bulten guozzepoep temjitte: omwenners fan it Nannewiid by Aldehaske stekke de hannen út de mouwen om it strantsje dêr skjin te hâlden.
En dat is hurd nedich, want de wetterkwaliteit is troch alle baktearjes de ôfrûne jierren minder wurden.
Poepskeppers moatte fan it Nannewiid wer in swimplak meitsje
Sa'n 50 oant 60 guozzen meitsje it strân ûnbegeanber. Sa'n grutte groep lit in soad stront efter. Dat spielt dan it wetter yn.

Fersmoarge wetter

It Wetterskip test it swimwetter om de twa wiken. Ut dy testen die bliken dat it oantal baktearjes út guozzepoep om it strantsje hinne tige heech is.
"Dat is voor mensen gevaarlijk, daar kunnen ze ziek van worden", fertelt Alian de Jong fan Doarpsbelang. Sy sette de aksje fan it poepskeppen op. "De waterkwaliteit is al vier jaar slecht, als je dat vijf jaar achter elkaar hebt, dan wordt het strand afgevoerd en kun je er helemaal niet meer zwemmen."
Frijwilligers romje de poep op
© Omrop Fryslân
De njonkenlizzende camping wurdt takom jier oernommen troch Landal. Sa ek it behear fan it strantsje. Mar de camping hat foar dy tiid net de mankrêft om it strân skjin te hâlden, dus oant dy tiid hat De Jong tsientallen frijwilligers optromme om de guozzepoep fuort te heljen.
"Ik doch mei omdat ik beppesizzers haw. It soe moai wêze as sy hjir swimme kinne as se by my binne", fertelt ien fan de frijwilligers. "We moatte dizze tiid oerbrêgje, as doarp, sadat we wer lekker swimme en boartsje kinne."
"Ik verbaas me er soms over hoeveel poep er na een paar dagen weer ligt.
In frijwilliger
Twa kear yn de wike helje de frijwilligers de stront fuort. It is oanpoatsjen, fertelle se: "Ik verbaas me er soms over hoeveel poep er na een paar dagen weer ligt, er liggen altijd hele bulten."

Ferfrisse

Neist it poepromjen wurdt der ek yn it Nannewiid baggere. Ek binne der dûkers pleatst, sadat 'skjin' wetter út de gruttere mar wei it wetter by it strantsje ferfrisse kin.
En dat hurde wurk smyt al wat op, fertelt De Jong: "Bij de eerste metingen van het jaar scoorden we goed in plaats van slecht, dus dat is al heel wat stappen beter."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.