1300 folle frachtweinen: safolle bagger ferdwynt der út it Nannewiid

Sa'n 116.000 kúb bagger wurdt de kommende tiid út it wetter fan it Nannewiid by Aldehaske helle. It projekt moat net allinnich de wetterkwaliteit yn de polderplasse by Aldehaske ferbetterje, mar moat ek de rekreaasje yn it gebiet in boost jaan.
Alle bagger, yn totaal sa'n 1300 folle frachtweinen, wurdt nei spesjale baggerdepots pompt. Dy binne oan wjerskanten fan it Nannewiid oanlein en binne yn totaal 18 bunder, sa'n 36 fuotbalfjilden grut.
"Wy hawwe oan de eastkant en de westkant sa'n plak", fertelt projektlieder Sjors Hoekstra. "Dêr wurdt it lân ophege troch de yndrûge bagger, dus de lânbou hat der dêr ek noch wat oan."
It baggerjen is nedich om't it Nannewiid tichtsliket. It wurdt hieltyd ûndjipper trochdat yn de tsjokke laach slyk wetterplanten groeie. Op guon plakken wurdt dêrom tusken de tsien en hûndert sentimeter fuortsûge.
"Het is een nutriëntenbom. Daar groeien planten heel goed op. Dat is niet goed voor de waterkwaliteit", neffens wetterskipsbestjoerder Monique Plantinga.
Europeeske ôfspraken
"We willen graag helder water waar vissen kunnen zwemmen", makket Plantinga dúdlik. Dat hat ek te krijen mei strange Europeeske regeljouwing. "Wij moeten vóór 2027 voldoen aan bepaalde kaders wat betreft waterkwaliteit."

It is Wetterskip Fryslân dus te dwaan om de kwaliteit fan it wetter, mar mei it ferdwinen fan de bagger komt der wer mear romte foar rekreaasje, om't de plas djipper wurdt. Dat is ta bliidskip fan de oprjochte stichting Nannewiid, dy't al langer om aksje freget.
Modderbad
Sy seagen dat de mooglikheden foar rekreaasje ôfnamen. Al sûnt 2016 wurdt der dêrom oerlein oer de takomst fan it Nannewiid. "Je moet je voorstellen dat er op sommige plekken een meter slib zit en maar tien centimeter water. Als je dan gaat zwemmen, dan neem je een modderbad", seit Jan Ykema fan stichting Nannewiid.

Njonken rekreaasje yn de simmer is it Nannewiid ek in plak dêr't winterdeis gau reedriden wurde kin. Dat hat fansels mei de ûndjipten te krijen, dêrtroch leit der al gau iis. Reedriders hoege net benaud te wêzen: it Nannewiid wurdt op guon plakken wol wat djipper, mar dat hat neffens it wetterskip gjin negative ynfloed op de iisoangroei.
It baggerjen duorret oant juny takom jier. De bagger dy't fuorthelle wurdt, moat dan noch yndrûgje. De kosten wurde rûsd op sa'n twa miljoen euro. Wetterskip Fryslân hat dêrfoar Europeeske subsydzje krigen.
