Omrop Fryslân

Se wiene al yn Jobbegea: moat Fryslân benaud wêze foar de Aziatyske hoarnbij?

In Aziatyske hoarnbij
© Shutterstock.com (ThomasLENNE)
In 'monsterwesp' of 'terrorwesp'. Sa wurdt gauris praat oer de Aziatyske hoarnbij. De eksoat fljocht sûnt koart ek yn Fryslân om. Yn augustus waarden yn Jobbegea twa nêsten fuorthelle. Komme der mear? En moatte wy ús wapenje?
It ealjebijeseizoen stiet foar de doar. De keninginnen wurkje op dit stuit drok oan harren nêsten. De kâns is grut dat se dat ek earne by dy yn de omjouwing dogge.
Der binne yn ús lân sa'n 5.000 ferskate ealjebijesoarten, dêr't de Aziatyske hoarnbij der yntusken ien fan is.
De Aziatyske hoarnbij
© Provinsje Fryslân
De Aziatyske hoarnbij is in soarte dy't fan oarsprong net yn Nederlân thúsheart. It ynsekt is tusken de twa en trije sintimeter lang en hat in swart boarst en swarte antennen.
Hy is grutter as de measte ealjebijesoarten, mar krekt wat lytser as syn nammegenoat: de Europeeske hoarnbij.

Noch seldsum

Dy lêste soarte wurdt op dit stuit yn Fryslân in soad oantroffen, fertelt Jelle Pompstra. Hy wurket by in bestridingsbedriuw yn Aldwâld.
"Sa'n tachtich persint fan de nêsten dêr't wy no foar belle wurde, is fan de Europeeske hoarnbij. De Aziatyske hoarnbij komt hjir noch hast net foar, dy is hjir noch seldsum."
De bestriders ha it no noch rêstich; sy helje sân - relatyf lytse - ealjebijenêsten wyks fuort. "Yn de boufak, yn augustus, binne dat der folle mear", neffens Pompstra.
It nêst fan de Aziatyske hoarnbij yn Jobbegea
© Provinsje Fryslân
Werom nei dy Aziatyske hoarnbij. Want wêrom soarget dy by guon minsken foar eangst? En is dat wol terjochte?
Nee, seit Fries om utens Nathan Veenstra. Hy is bestjoerslid fan de lanlike Wespenstichting. Der mei sels wol wat mear leafde foar de ealjebijen wêze, fynt hy.
"De bijen, dy koesterje wy tsjinstwurdich. Mar ealjebijen fine wy mar ferfelend." En dat wylst ealjebijen ek blommen bestowe en ynsekten as miggen en neefkes ite.

Relaasje mei de minske

Fan 'terrorwespen' is beslist gjin sprake, seit Veenstra. "Der binne eins mar twa soarten dêr't minsken geregeld mei yn oanrekking komme: de Dútske ealjebij en de gewoane. Dy fleane op swietichheid ôf. De Aziatyske hoarnbij docht dat net."
De keninginne yn in buiske
© Provinsje Fryslân
De kâns dat minsken samar stutsen wurde troch de hoarnbij is eins mar lyts, neffens Veenstra. Allinne as minsken ticht by in nêst komme, kinne de hoarnbijen definsyf reagearje.
"Se komme net sa gau by ús yn de buert. Ast stutsen wurdst, en do bist allergysk, dan is dat in risiko. Mar der is gjin grutter gefaar as by de Europeeske hoarnbij of oare ealjebijen."
Dêr komt by dat de Aziatyske hoarnbij faak ek nêsten heech yn de beamtoppen bout. "Wy ha dêrtroch minder risiko dat der wat bart."

Bedriging foar bijen

Dochs bringt de Aziatyske hoarnbij wol bedrigings mei him mei. De eksoat hat it foarsjoen op oare ynsekten: miggen, rûpen en flinters.
Mar ek bijen en holders steane heech op 'e list. "Dy pakke se graach; in fleanend buffetsje", seit Veenstra. "Wy begripe hiel goed dat ymkers benaud binne foar harren folken."
In Aziatyske hoarnbij
© Shutterstock.com (Eduardo Dzophoto)
"Eén volwassen nest eet in een zomer ongeveer 100.000 honingbijachtige insecten", warskôge ealjebije-saakkundige Rob Voesten earder alris.
"Met één nest gaat dat nog, maar ze kunnen een dichtheid halen van twintig tot veertig nesten per vierkante kilometer. Dat zijn heel wat nesten, dan gaat het met de biodiversiteit ook hard achteruit."
De provinsje Fryslân sjocht de Aziatyske hoarnbij as bedriging: as 'ynvasive eksoat'. De hoarnbijen moatte neffens it belied fuorthelle wurde út de Fryske natuer.
Dêrfoar wurde goedkarde publyksmeldingen fia de webside www.waarneming.nl brûkt. Op basis fan de meldingen dy't de provinsje krijt, wurde profesjonele bestriders ynskeakele dy't de nêsten fuorthelje.
De nêsten dy't ferline jier by Jobbegea fuorthelle waarden, binne foar safier bekend de iennige registrearre nêsten oant no ta yn Fryslân.
Hoe rap de soarte him yn Fryslân fêstigje sil, is net krekt te foarsizzen. Dit jier binne der registrearre waarnimmingen dien yn Sigerswâld, yn Appelskea en op It Hearrenfean.
De ferwachting is dat harren tal de kommende tiid, as it waarmer wurdt, tanimme sil.

Bestride of sitte litte?

Wat moatte je überhaupt dwaan as je in ealjebijenêst yn 'e tún of yn 'e spoumuorre hawwe? "Somtiden is der gjin oare mooglikheid as in bestrider te beljen", seit Nathan Veenstra.
Dat moat neffens him dan wol de alderlêste opsje wêze. "Ik doar wol te sizzen dat it yn mear as fyftich persint fan de gefallen fan no net nedich is." As it nêst op ôfstân sit, kinne je de ealjebijen better gewurde litte.
Ek by de terrassen fleane nochal ris wat ealjebijen om
© Omrop Fryslân
En ha je dan dochs ealjebijen om je hinne fleane as je op it terras of yn 'e tún sitte: bliuw rêstich. "De measte ealjebijen sjogge hiel min. Dy geane op geur ôf en op beweging."
In tûke oplossing om se op ôfstân te hâlden: soargje foar in swiet buffetsje earne yn 'e tún.
"Benammen yn augustus; dat is de pykmoanne. Lis ryp fruit of sjem op in ferheging, dan pakke se dat en binne se samar wer fuort. En dan hoege se net oan dyn hapke of frisdrank te kommen."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.