Omrop Fryslân

"Better gjin aksje ûndernimme": Wespenstichting ropt op om bijen net samar dea te slaan

In Aziatyske hoarnbij is foar it grutste part swart
© Provinsje Fryslân
De Wespenstichting makket him grutte soargen oer de oanpak fan de bestriding fan de Aziatyske hoarnbij. It probleem is dat in soad minsken oare ynsekten deadzje dy't se oansjogge foar de Aziatyske hoarnbij.
De opmars fan de ynvasive eksoat giet hurd. Minsken wurde dêrom oproppen om wach te wêzen en mei te helpen om begjinnende nestjes en keninginnen fan de Aziatyske hoarnbij te ûnderskeppen, skriuwt RTV Noord.
Neffens de Wespenstichting sjit de oprop syn doel lykwols foarby en falle der tefolle ûnskuldige slachtoffers.
Yn in soad gefallen blykt it in hiel oar bist te wêzen as wat de minsken tinke.
Nathan Veenstra fan de Wespenstichting
Op Waarneming.nl kinne minsken in foto uploade fan it bist dat se deamakke hawwe. Neffens Nathan Veenstra fan de Wespenstichting kloppet 25 oant 30 persint fan de meldingen op dy site net.
"Yn in soad gefallen blykt it in hiel oar bist te wêzen as wat de minsken tinke. We seagen de Europeeske hoarnbij der faak by sitten."
In soad minsken betiizje de Aziatyske hoarnbij nammentlik mei de Europeeske hoarnbij en oare lânseigen ealjebijen.

Ferskil

Veenstra seit dat dat bart trochdat in protte minsken it ferskil tusken ús lânseigen ealjebijen en de Aziatyske hoarnbij net witte. Mar wat is dan it ferskil?
"It belangrykste is: sjochst wat fan read of read-brún, dan is it garandearre in lânseigen ealjebij." It ferskil sit him dan ek benammen yn de kleur.
In Europeeske hoarnbij, mei read-brúne kleur
© Shutterstock (Bildagentur Zoonar GmbH)
"De Aziatyske hoarnbij is foar it grutste part swart, wylst de Europeeske hoarnbij dus folle mear read of read-brún om it liif hat", seit Veenstra.
Guon minsken sille de bisten lykwols deaslaan út refleks. "Dat is begryplik, mar just it probleem. Minsken tinke, at se wat gruts fleane sjogge, gau oan in 'monsterwesp' of 'terrorwesp', en assosjearje dat mei de Aziatyske hoarnbij. Mar de Europeeske hoarnbij is eins folle grutter as de Aziatyske", seit Veenstra.
Neffens him is it dêrom goed om de hoarnbij net samar dea te meitsjen. "It is better om gjin aksje te ûndernimmen oant befêstige is dat it in Aziatyske is."

Bedriging

It earste nêst fan de eksoat yn Fryslân waard yn septimber ferline jier ûntdutsen yn Jobbegea. De provinsje Fryslân sei doe dat de Aziatyske hoarnbij in bedriging foarmet foar it lokale bioferskaat. It bistje yt ûnder mear miggen, rûpen en flinters. Dêrneist wurde huningbijen ek troch dizze soart bedrige.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.