80 jier nei D-day tinkt feteraan Jim Parks noch oan Fryslân: "Wol der graach nochris hinne"
Yn Normandië yn Frankryk wurdt hjoed wiidweidich stilstien by it 80-jierrich jubileum fan D-day. It is dêr dat de befrijing fan Fryslân yn gong set waard troch de Kanadezen. Ek Fryske befrijer Jim Parks (99) wie efkes werom op 'syn' Juno Beach.
Parks is de lêste noch oerbleaune Fryske befrijer. De 99-jierrige ynwenner fan Ontario is enerzjyk en genietet sichtber fan alle seremonieel op 'syn' Juno Beach. It is hjir dat hy 80 jier lyn oan lân kaam.
Parks fynt it moai om wer op it strân te wêzen. "Dit it is in spesjaal plak, omdat ik op dit strân op it lân kaam. Der leit hjir sa'n soad histoarje", seit hy.
De betinking soarget derfoar dat de feteraan wer oan it ferline tinkt. "Ik hoech net bot te graven yn myn gedachten, want dy komme hjir fansels wer nei boppen."
Njonken refleksje genietet de Kanadees foaral. Fan fûstkje mei Prince William en Kanadeeske Prime Minister Trudeau, oant muzikale yntermezzo's fan inkelde orizjinele ynwenners fan Kanada. De seremoanje wit neffens Parks goed de wichtige balâns te finen tusken it fieren fan frijheid en it betinken fan alle oarlochsslachtoffers dy't fallen binne.
D-day is dit jier 80 jier ferlyn. It is de dei dat de alliearden foet op Frânske grûn setten. Mei dy aksje waard it begjin fan de befrijing fan Europa yn de Twadde Wrâldoarloch ynlaat.
It hichtepunt fan de betinking wie foar Parks al earder dizze wike, doe't er mei de stichting Canadian Liberators wer op it strân wie. In lyts priveemomint, fuort fan alle oandacht.
Werom nei Fryslân
Dêrnjonken krige er ek noch de kâns om yn in amfibyske auto in rit te meitsjen en oer it wetter te farren. En Parks is noch lang net klear mei de festiviteiten. Hy wol kommend jier graach nochris nei Fryslân ta. "Ik kin dêr sa'n soad minsken en soe der hiel graach nochris hinne gean. Ik sjoch der nei út."
De grutte ynternasjonale betinking fan D-day is dit jier lykwols op in oar plak: Omaha Beach. Dêr kamen de Amerikanen destiids oan wâl. By dy betinking binne ûnder oaren ek Amerikaanske presidint Joe Biden en Hollywood-regisseur Steven Spielberg oanwêzich.