Kanadeeske feteranen krije maple leaf-beam yn Dokkum

De Kanadeeske feteranen Jim Parks en Art Boon ha fan de stêd Dokkum in beam krigen. It giet om in maple leaf, in esdoarn. De maple leaf is it nasjonale symboal fan Kanada.
RTV NOF wie by it spesjale momint:
Oan de esdoarn groeit yn de maitiid in read blêd, dat yn de hjerst goudkleurich wurdt en dan ek loslit.

D-Day feteranen

Parks en Boon binne elk 97 jier. Se dogge dizze wike ferskate plakken yn Fryslân oan, dêr't se de befrijing fiere. Yn 1944 kamen de twa Kanadezen op D-Day oan lân yn Frankryk. In jier letter wienen se ek oanwêzich by de befrijing fan Fryslân.
In esdoarn © Shutterstock
"We moasten lâns de dyk krûpe mei de kûgels dy't oer ús holle fleagen", fertelde Parks earder oer dy tiid. "Mar wat my goed bystiet, is hoe freonlik minsken hjir altyd wienen. Ik bin echt bliid hjir no wer te wêzen."

Dokkum

De hiele wike ferbliuwe Parks en Boon al yn Dokkum. De minsken dy't yn it komitee sitte, ha tongersdei de spesjale beam mei de twa feteranen pleatst.
Sneon meitsje de twa Kanadezen noch in koarte rûnrit troch Dokkum, dêrnei ferlitte se de stêd en geane se werom nei harren heitelân.