Omrop Fryslân

Irene moete har Frânske man Vincent yn in museum: "Dêr kinst skatten fine"

Irene Besombes-Oldekamp
© Eigen foto
Irene Oldekamp (37) fan Snits fûn de leafde yn Frankryk. Se giet derhinne om te wurkjen nei har stúdzje Frânsk en se fûn har skat yn in pleatslik museum.
Nei har stúdzje Frânske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins woe Irene graach yn it toerisme wurkje. In Nederlânsk bedriuw pleatste har op in grutte camping yn de streek Aveyron. Se kaam te wurkjen op de resepsje. Trije moanne soe se bliuwe, mar it waard in fêste baan foar fjouwer jier.
Irene moete har man yn Espaljon, it doarp dêr't it dûkerspak útfûn is
© Eigen foto
Dat is no tolve jier ferlyn. Se is troud mei de Frânsman Vincent Besombes. Harren jonkje, Louis-Marie is yn septimber 3 wurden. Yn Frankryk binne bern fan 3 jier ôf learplichtich. Se binne de hiele dei op skoalle, oant healwei fiven yn de neimiddei. De bern ite op skoalle en as se lyts binne, dogge se dêr ek in middeissliepke.

Bistetún

Irene wurket ûnderwilens net mear op in camping, mar yn in bistetún/attraksjepark. "Ik ferkeapje tagongskaartsjes en wurkje yn it sûvenirswinkeltsje."
As se weromgiet nei Snits, moat se wol efkes ride. It doarp Le Monastère dêr't se wennet, leit 1300 kilometer fan de Fryske stêd. It doarp leit net fier fan de haadstêd fan Aveyron, Rodez, in stêd mei sa'n 35.000 ynwenners. En dat is dan wer sawat like grut as Snits.
De brêge fan Millau
© Eigen foto
Aveyron is in streek yn it suden fan Midden-Frankryk. Der is in soad lânskiplik ferskaat: heuvels, bergen, skygebieten, boerelân mei (fleis)kij en skiep. De tsiissoart Roquefort komt út dizze kontreien. Opfallend is de grutte brêge fan Millau.
Irene fynt Frankryk in moai lân. Yn de earste trije moanne dat se se yn Aveyron wie, hat se ek in soad reizge. Dingen besjen, sadat se letter oan toeristen it advys jaan koe oer wêr't se it bêste hinne koene.
Irene tegearre mei Louis-Marie
© Eigen foto
"Ast hjir langere tiid bist, besjochst Frankryk fan in oare kant. Yn de stúdzjetiid haw ik wolris yn dit lân mei fakânsje west. No wenje ik der echt. Sjochst de ynwenners yn it deistich libben."
Kensto ek in Fries yn it bûtenlân? Of bist sels ien? Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
Doe't se har man moete, wurke se ûnderwilens al op oar plak. In lytsere camping municipal yn it doarpke Espaljon.
"Myn man Vincent wurke yn in museum dêr. Ik moast brosjueres hawwe foar by de campingresepsje. Doe't ik yn it museum kaam, seach ik Vincent achter de baly sitten."
Irene mei har man en soantsje yn Frankryk
© Eigen foto
Hy hearde har fersyk oan en hie "in moai ferlechje" betocht om in persoanlik ferfolchkontakt ta stân te bringen, seit Irene. Syn baas hie mooglik al folders oer de post nei de camping stjoerd. Dat moast er earst efkes neifreegje.
Sûnder toeristysk ynformaasjemateriaal sette Irene wer ôf.
Wy sizze altyd: yn in museum kinst skatten fine.
Irene Besombes-Oldekamp
"De oare dei kaam Vincent mei in steapel brosjueres nei de camping. Fan it ien kaam it oar en no binne we seis jier troud. 'Yn in museum kinst skatten fine', sizze wy altyd." En sa is it. Irene hat har skat dêr fûn.
Irene Besombes-Oldekamp sil op syn Frysk itensiede
© Eigen foto
Se wennet no tolve jier yn Frankryk en wol net werom.
"Nee, ik haw hjir myn draai fûn. Haw freonen krige en wurk fûn. As ik no werom nei Fryslân gean soe, dan soe ik wer opnij begjinne moatte. Wer in hûs sykje en wurk. Dat haw ik hjir allegearre en it foldocht my."
Se fynt it wol spitich dat har famylje net tichteby is. En fierders mist se it flakke Fryske lân en dan benammen it fytsen.
Irene Besombes-Oldekamp  mei har Frânske man en soantsje yn Snits
© Eigen foto
Fryslân sit noch wol yn har hert. Sa folget se bygelyks it nijs oer de Fytsalvestêdetocht en it Skûtsjesilen.
"Lêsten hie ús mem in pakketsje stjoerd foar Vincent syn jierdei. Dêr hie se in Snitser Krante by-yn dien. Ik bliuw wol op hichte fan wat der bart."
Se hopet yn de hjerst wer nei Fryslân te kommen en oars yn it foarjier. Dan is de toeristyske simmerdrokte foarby en kin se frij nimme.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.