Wendela kiest foar de natuer yn Nij-Seelân: "Nederland is een park"
'Nederlân is in park' liket op it earste each in opmerklike kwalifikaasje. Mar is dat net, ast witst dat er ôfkomstich is fan in ynwenner fan in lân mei in soad rûge natuer. Ald-krantesjoernaliste Wendela Walta-Pietersma (59) wennet al mear as tweintich jier yn Nij-Seelân.
Yn 2003 gie se it aventoer oan mei har man Charles en har famkes Imre fan 9, Maren fan 7 en Nikee fan 3 jier. Wetterhûn Abe koene se net achterlitte. Dy moast ek mei nei de oare kant fan de wrâld.
De emigraasje wie net hiel dreech. Wendela har man Charles hat in Nederlânsk en in Australysk paspoart. Sadwaande mocht er wenje en wurkje yn Nij-Seelân. Wendela en de bern mochten ek mei as frou en bern.
Lukt het niet, dan komen we gewoon weer terug.
"We dachten: waarom doen we het niet? Lukt het niet, dan komen we gewoon weer terug. Omdat ik niet goed tegen de warmte kan, hebben we ervoor gekozen om niet naar Australië te gaan."
Snits
Wêr kenne Wendela en Charles inoar fan? Wendela har heit en mem kamen fan De Gordyk. Yn de jierren '60 wennen se yn Drinte dêr't sy berne is.
Op har sânde ferhuzen se nei Snits en dêr kaam se Charles tsjin. Dy wie as jonkje fan 2 jier mei syn heit en mem fan Australië werom ferhuze nei Nederlân.
It plak Motueka oan de noardkant fan it SudereiIân is no harren thús.
"We hebben hier prachtige baaien en mooie stranden. We zitten vlakbij het nationaal park Abel Tasman en zijn omringd door de Zuidelijke Alpen. Daardoor heerst er een microklimaat met veel zon. Het is echt paradijselijk."
Doe't se noch yn Nederlân wenne, wurke Wendela yn de deiblêdsjoernalistyk. By de Drachtster Krante en de Ljouwerter Krante. Weststellingwerf, Menameradiel en letter de Súdwesthoeke mei as stânplak Snits wiene har wurkgebieten.
Doe't har jongste dochter faak siik wie, is se ophâlden mei it wurk. "Ik vond het niet meer verantwoord, om haar zo vaak naar de crèche te sturen met een paracetamolletje."
Kensto ek in Fries yn it bûtenlân? Of bist sels ien? Wy wolle graach dyn ferhaal hearre. Op omropfryslan.nl/fryskeflagge fynst mear ynformaasje. Kinst ek maile nei goeiemiddei@omropfryslan.nl.
In jier nei't se opholden wie, hawwe se it emigraasjeproses yn gong set. Lykas earder al efkes oanstipt: dat gie flot om't se yn in aparte kategory foelen.
Har man koe mei syn Australysk paspoart sa oan it wurk yn Nij-Seelân. Se hoegden net oan dingen te foldwaan dy't foar oaren wol ferplichte wiene, lykas in bepaalde oplieding dwaan en in beskaat bedrach oan jild hawwe. It iennige wie in sûnenskeuring en dêr kamen se goed trochhinne.
Ien kear yn Nij-Seelân hat Walta it noch wol efkes besocht yn de sjoernalistyk. Fanwege de taal slagge dat net. Se kin wol Ingelsk prate, dêr net fan, mar wurkje yn de sjoernalistyk yn in frjemde taal is dochs hiel wat oars.
Boeken skriuwe
Skriuwe woe se wol mei trochgean. Der kamen trije Nederlânske berneboeken fan har hân út. It earste (Verder dan ver) gie oer harren emigraasje. Nei ferskate oare baantsjes is se no út it wurk.
Har man is mei-eigener fan yn bedriuw yn kompressoaren en pneumatyk. Hy wurket foar wyngerds en houtseagerijen.
Nea ûnwennich west
Fan de emigraasje nei Nij-Seelân hawwe se nea spyt hân. Unwennich hawwe se ek net west, allinnich fan famylje.
"We hadden tegen elkaar gezegd dat, als een van ons - ook een van de kinderen - heimwee krijgt, we dan terug zouden gaan. Maar niemand heeft ooit heimwee gehad."
Mist se Fryslân wolris? "Ja.... nee... niet echt." Dat hat miskien ek te krijen mei it seizoen dat se yn ús provinsje west hat. En ek dat it net hiel lang lyn is. Yn de jierren 2008, 2012 en 2019 hat se werom west. As se hjir binne, dan is dat yn de iere maitiid en yn de winter.
"Het is allemaal zo kaal en plat. Dan vind ik er niet veel aan. Als het een mooie zomer was geweest, zou ik misschien zeggen: 'Toch wel erg mooi'. Het is niet te vergelijken met hier (Nij-Seelân, red.). Nederland is meer een beetje een park en dit hier is natuur."