Omrop Fryslân

Leafde foar de see siet djip by keunstner Jan Loman fan Beetstersweach

Jan Loman yn 1998
© Omrop Fryslân
Fan 18 maaie ôf sil yn Beetstersweach en omkriten in soad wurk fan de yn 2006 ferstoarne keunstner Jan Loman te sjen wêze. Omrop Fryslân blikt hjirop foarút mei de FryslânDOK 'Yndrukken bliuwe'.
Keunstner Jan Loman (1918-2006) is foaral bekend wurden fan it logo dat hy makke foar de Waddenvereniging, in logo dat troch de jierren hinne noch nea feroare is.
Mar Loman wie ek skilder en grafysk keunstner fan in grut ferskaat oan wurk. Syn wurken binne te finen yn de publike romte, mar ek yn ferskillende musea en galeryen. Oant syn dea wenne Loman yn Beetstersweach.

Leafde foar de see

Yn 1998, doe't Loman 80 jier wie, fertelde hy yn de FryslânDOK 'Yndrukken' wêr't dy leafde wei komt: "Ik ben ooit matroos derde klas geweest. Daar is waarschijnlijk altijd iets van blijven hangen. Als ik de zee raak, dan ben ik in mijn element"
Ek kaam Loman as bern al jierliks op Skiermûntseach. Dat de natoer yn it algemien en it Waad yn it bysûnder in grut plak ynnimt yn Loman syn keunst, is dêrom net frjemd.
De FryslânDOK 'Yndrukken bliuwe' is in gearstalling mei argyfbylden út de FryslânDOK 'Yndrukken' út 1998 en mei petearen mei de inisjatyfnimmers fan de nije tentoanstelling oer de betsjutting en wearde fan it wurk fan Loman.
Dizze FryslânDOK is op sneon 27 april te sjen op NPO2 en op snein 28 april by Omrop Fryslân. Fan 17 oere ôf alle oeren.
Loman wurke ek in protte mei grafyske techniken. Syn eftergrûn as technykstudint yn Delft kaam dêr goed by te pas. Dochs is hy nea echt yn de technyk oan it wurk gien. It keunstnerskip wie syn ropping, ek al hat hy nea op in keunstakademy sitten.
"Op zo'n academie kunnen ze geen kunstenaar van je maken, dat moet je in je hebben", sei Loman der sels oer. "Ze kunnen je leren hoe je een penseel vasthoudt. Als je dat als autodidact doet, dan zal je er in de regel wat langer over doen. Maar het zit in je."
In soad fan Loman syn wurk sil fan 18 maaie ôf te sjen wêze yn de Overtuin fan it Lycklamahûs yn Beetstersweach en yn Museum Opsterlân op De Gordyk.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.