Omrop Fryslân

De lêste moannen fan in fersetsman fan Bitgum: “Misschien zie 'k je nooit meer”

Lolle Rondaan
© Omrop Fryslân
Lolle Rondaan (1919-1944) wie in fersetsman út Bitgum yn de Twadde Wrâldoarloch. Yn Amsterdam fûn hy de leafde, mar yn Fryslân siet hy by it ferset.
Nij ûndersyk makke it mooglik om in detaillearre rekonstruksje te meitsjen fan de perioade tusken de arrestaasje fan Lolle en syn dea. Hy waard yn 1944 fusillearre.
Troch in hierlok koe hy identifisearre wurde. Yn in plakboek, dat syn broer Jan eartiids makke, is de hierlok netsjes opplakt, mei oantinkens oan Lolle en briefwikselings tusken Lolle en syn famylje.
Lolle wie oproppen foar it leger en bedarre sa yn Amsterdam. It wie de gewoante dat minsken út de tsjerke in militêr meinamen op snein.
Sa kaam Lolle by de famylje Stork terjochte en kaam hy yn 'e kunde mei dochter Riek. Al gau waarden se fereale op elkoar.
In brief fan Lolle oan syn famylje
© Omrop Fryslân
Oan it begjin fan de oarloch mocht Lolle wer nei hûs ta om syn deistige libben wer op te pakken. Mar Riek bleau yn syn libben.
Se kamen faak byinoar oer de flier en ek harren âlden koenen it goed mei-inoar fine. As se net tegearre wienen, skreaunen se brieven nei inoar, dy't bewarre binne.
Mijn lief vrouwtje. Eén ding weet ik zeker en dat is Riek, Riek, en nog eens Riek. Daar loopt bijna alles van over.
Lolle yn ien fan de brieven oan Riek
Ut de Liauckama State yn Seisbierrum wei operearre Lolle tegearre mei in groep fersetsstriders.
Ien fan de aksjes hat in oerfal west op it gemeentehûs fan It Bildt, wêrby't it befolkingsregister meinommen waard, sadat mannen net mear oproppen wurde koenen foar it oan it wurk setten. Ek naam de groep blanko persoansbewizen mei.
Yn de FryslânDOK 'Misschien zie 'k je nooit meer' wurdt it paad fan Lolle Rondaan folge oant syn dea. Yn de film sitte fragminten fan krekt nei de oarloch, doet slachtoffers fan de fusillades yn Bloemendaal opnij begroeven waarden.
De FryslânDOK is sneon te sjen op NPO 2, om 15.30. Snein is de útstjoering by Omrop Fryslân te sjen. Fan 17.00 ôf alle oeren.
De groep waard letter ferret. Lolle waard troch de Dútsers ophelle út syn âlderlik hûs en op in novimbernacht nei it 'Huis van Bewaring' yn Grins brocht.
Fan dat momint ôf hold syn Riek, dy't gjin kontakt mear mei Lolle krije koe, in deiboek by.
Lol, ik zweer, als je terug bent, laat ik je nooit meer alleen. Dan trouwen we maar, dan wil ik voor je zorgen. Kus van je liefhebbende meisje en vrouwtje.
Fragmint út it deiboek fan Riek
Mar Lolle kaam net mear werom. De brieven tusken Lolle en syn famylje en de deiboekfragminten fan Riek jouwe in bysûnder ynsjoch yn it libben fan Lolle Rondaan oant syn ein ta.
Dizze unike dokuminten binne troch de famyljes Rondaan en Stork beskikber steld oan it Fries Verzetsmuseum en foarmje de basis fan dizze FryslânDOK.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.