HEA! Mei de sup op besite
HEA! Supfrou Meina
Op oantrúnjen fan har beppesizzers stapte Meina Wouda fan Boerum ek ris op in supplanke. En no, trije jier letter, is se der hielendal ferslingere oan rekke.
De 70-jierrige Meina giet geregeld oer it wetter op besite by har dochter yn Pitersyl, sa'n fiif kilometer fierderop. Se genietet fan de rêst en de sinne ûnderweis.
It suppen is foar Meina ek in soarte fan refalidaasje. In pear jier lyn hat se in harsenynfarkt hân. Troch de beweging giet it hieltyd mear foarút mei de Boerumse.