Drachtster kickbokser Robin Ciric giet mei help fan Badr Hari foar ultime dream
Robin Ciric wol wrâldkampioen kickboksen wurde. Mei de help fan syn heit, mei de Louis van Gaal fan de kickbokswrâld en mei tips fan Badr Hari.
Eins is de 27-jierrige Drachtster alris wrâldkampioen wurden: yn 2019 pakte er yn Slowakije de wrâldtitel by de organisaasje Enfusion. Mar no bokst Ciric foar Glory. En dat is as meitsje je de stap fan de earedivyzje nei de Champions League.
By Glory is Ciric no de nûmer seis op de ranking yn de klasse ûnder de 77 kilo. It doel is om earste te wurden, want dan mei er stride om de wrâldtitel tsjin de titelhâlder. Dat is op it stuit Endy Semeleer.
Neffens Ciric is it beheljen fan dy wrâldtitel mooglik. "Honderd procent. Dat is mijn droom. En dat is realistisch. Zeker."
Robin Ciric wol wrâldkampioen wurde: "En dat is realistisch"
Ciric wurdt al hast syn hiele libben traind troch syn heit yn in sportskoalle yn it sintrum fan Drachten. Heit Nebbe Ciric kaam as gastarbeider út Servië nei Nederlân ta. Yn de sport taekwondo pakte er in sulveren medalje op it WK fan 1988. En Nebbe brocht syn soan nei Glory.
'Big Mike'
Mar yn Fryslân hat Robin gjin sparringpartners. Dêrom traint er sûnt fjouwer moannen in part fan de tiid yn Amsterdam. Dêr bedarre er by ien fan de bêste trainers fan Nederlân: Mike Passenier.
'Big Mike' makke kickboksers as Gökhan Saki, Melvin Manhoef en Badr Hari wrâldkampioen. En dus wie it in logyske stap foar Ciric: "Ik heb de keuze gemaakt om meer uitdaging op te zoeken. Die tegenstand was hier in Friesland niet."
En sa kin Ciric wurkje mei in ferskaat oan trainers ûnder begelieding fan Passenier. "Het is niet dat ik speciaal naar Mike kijk, ofzo. Maar wat hij met Badr Hari heeft bereikt, is niemand anders gelukt. Het is een eer om onder hem te trainen en van hem te leren."
House of GLORY
It kontakt tusken Ciric en Passenier ûntstie fia it Videoland-programma House of GLORY. Dêryn waarden twa teams traind troch Badr Hari en Rico Verhoeven. De winner fan it programma mocht tsjin Semeleer bokse om de wrâldtitel.
Ciric waard yn de finale útskeakele en koe dêrom syn dream krekt net wiermeitsje. Mar hy sjocht der mei goede gefoelens op werom. "Het was echt leuk. Toen ik in de finale zat, kreeg ik ook van iedereen succeswensen. Het was een mooie kans."
It kontakt mei Badr Hari is der noch altyd. "Hij weet de juiste dingen uit je te trekken op het juiste moment. En nog steeds. Dan komt hij even bij me en dan vraagt hij hoe het gaat met mijn vader en met mijn broer."
Hari kaam ek mei goede tips: "Hij herinnert me er soms aan waar ik het voor doe. Voor mijn familie, voor mijn vrouw en voor mijn kids. Die wil ik een mooie toekomst geven."
Dipke
De stap nei Amsterdam betsjutte wol dat heit Nebbe min of mear twongen ôfskied nimme moast as coach fan syn soan. "Het liefst doe ik dat niet, maar het moet. Op het moment dat je egoïstisch begint te worden, ben je verkeerd bezig."
"Ik wil dat hij beter wordt, dus moest hij meer sparringpartners hebben. Maar dat is wel moeilijk."
Dochs wie de stap nei Amsterdam in tûke set, neffens Nebbe, want it gie even wat minder. "Vanaf de eerste wedstrijd bij Glory belandde hij in een dipje. Ik hoop dat het nu goed gaat. We hebben gepraat en we hebben hulp gehad van een topsportpsycholoog."
Het was niet de leeuw die hij eerder was.
Nebbe tinkt te witten wêrtroch't it even wat minder gie mei syn soan: Robin Ciric is heit wurden. "Ik merkte dat er iets was. Hij was in de ring terughoudend. Het was Robin niet. Het was niet de leeuw die hij bij Enfusion was. Het blijkt dat je voorzichtiger wordt als je vader wordt."
No giet it dus wer better. "Aan de hand van de psycholoog heeft hij zichzelf teruggevonden."
Sneon mei Ciric wer bokse. Op it kickboksgala Glory 91 yn Parys nimt er it op tsjin de Frânskman Diaguely Camara. "Ik verwacht een mooie partij. Ik denk dat het publiek de grote winnaar gaat worden. Ik wil weer laten zien wie de echte Robin Ciric is. Die zit eraan te komen."
Sneon winne fan Camara betsjut dat er wer wat klimme kin op de ranglist. Stadichoan wurket Ciric dan ta nei syn ultime dream: de wrâldtitel.
Nebbe: "We zijn er niet ver van verwijderd. Robin zit er vlakbij. Als hij zich goed voelt, kan hij van iedereen winnen."
It fertrouwen is ek by Robin grut. "Ik probeer naar die nummer-1-positie toe te werken. Ik weet waartoe ik in staat ben. Als ik mezelf ben, kan ik iedereen in mijn klasse verslaan."
Der is noch in Fries dy't bokst foar Glory: Martin Terpstra fan Damwâld. Hy rûn in healjier lyn lykwols in hernia op, dêrtroch leit er der no út.
De 36-jierrige kickbokser yn it swiergewicht wol it lykwols noch wolris besykje. "Ik zit nu ongeveer op tachtig procent. Als ik weer helemaal fit ben, wil ik het graag nog één keer proberen en kijken hoe ver ik kan komen."