Damwâldster kickbokser krijt noch ien kâns: "Het is alles of niets"

Kickbokser Martin Terpstra fan Damwâld krijt noch ien kâns om him te pleatsen foar it prestizjeuze Glory Grand Prix toernoai. Mar dan moat er wol winne fan de nûmer fjouwer fan de wrâld, Levi Rigters.
Dat moat sneon barre yn Burgass, yn Bulgarije. Oft we efkes belje kinne mei Martin foar in pear fragen? Oer hoe't hy derfoar stiet? Wat syn kânsen binne tsjin Rigters? Oft hy dizze twadde kâns überhaupt ferwachte?
Mar wat we ek besykje, we krije nul op it rekwest. De ferklearring: "Ik wil me alleen bezig houden met de wedstrijd zelf. De vorige keer kreeg ik zoveel media-aandacht. Ik ben daar sowieso niet zo van. Maar ik heb het gevoel dat het mij ook niet goed doet. Ik wil gewoon één ding: mijn tegenstander eraf slaan."
Stefan Berkepas: "Liever uit de media"
Om dochs in goed byld te krijen belje we mei de leden fan Team Terpstra.

Te begjinnen mei Stefan Berkepas (59). Hy is eigener fan Kyoku Gym en al syn hiele libben coach.
Berkepas snapt wol dat Terpstra efkes net yn de media wol. "Sterker nog, als ik iets anders zou willen doen, dan had ik voor die wedstrijd in Ahoy Martin wat meer uit de media gehouden."
Glory
Yn augustus ferlear Terpstra syn earste wedstriid foar kickboksorganisaasje Glory. "Kijk, het is geen voetbal hè. Dat je na de wedstrijd even baalt, een biertje drinkt, en doorgaat. Een doelpunt tegen is wat anders dan een stomp tegen je harses. Je bent mentaal én fysiek geknakt."
Yn Ahoy ferlear kickbokser fan Damwâld nei goed twa minuten fan Uku Jürjendal út Estlân. Berkepas seach dat de wedstriid fluch klear wie. "De eerste bijna twee minuten ging het goed, maar ineens was ie klaar en lag ie twee keer op de grond."

Dochs soe Berkepas neat oars dwaan, seit er earst. Deselde taktysk en deselde tarieding. "Ik zit al zo lang in deze sport. Ik weet echt wel wat ik doe."
Mar nei in lytse stilte: "Nou ja, er is toch wel wat. Als ik het over mocht doen, had ik hem meer uit de media gehouden. Het zorgde toch voor te hoge verwachtingen en die druk nam Martin mee. De pers heeft onbewust toch invloed."
Levi Rigters is acht jier jonger as Terpstra. Hy is krekt as Terpstra lang. Rigters is 2,02 meter en Terpstra fiif sintimeter langer. Berkepas is bliid mei Rigters as tsjinstanner.

"Ik heb liever Levi dan die Jürjendal. Ze zijn even goed en even lang. Tegen een kleiner iemand is het meestal eenzijdiger. Dat zijn soms woest aanvallende tegenstanders. Nu komt Martin zijn stijl beter naar voren."
"Van deze sport word je niet rijk"
Hans Stroosma is 50 jier, wennet yn Goutum en is finansjeel adviseur. Mar yn Team Terpstra benammen in soarte fan logistyk manager. "Er moet van alles geregeld worden. De reis naar Bulgarije, goed eten, goed hotel. Daar ben ik voor."
Mar dat net allinnich. Hy besiket ek de sfear der goed yn te hâlden. "Je merkt toch dat er nogal wat spanning op zo'n wedstrijd zit. Dus ik probeer de sfeer er ook in te houden. Dat we ontspannend blijven."
Stroosma jout sels ek kickboksles en kaam sa mei Terpstra yn kontakt, hat him ek holpen by it finen fan sponsoaren. Sa kin hy de kommende tiid folslein de fokus lizze op de trainingen.
"Hij wilde dit graag. Er één keer alles voor geven. Kijken hoever hij kan komen. Hij is echt iemand die het niet voor het geld doet, maar dat moet wel kunnen."
Martin is het perfecte voorbeeld van een topsporter.
Mei in kontrakt foar twa jier by Glory kin dat no. "Al betekent dat niet dat hij nou binnenloopt. Hij krijgt per wedstrijd betaald."
Dat betsjut dat der op dizze wedstriid druk sit. "Kijk, rijk word je hier niet van. Rico en Badr Hari wel. En dan zijn er nog vier of vijf die er een goed salaris aan over houden. Maar dan heb je het over het niveau van een speler van Cambuur hè. Daaronder is het geen vetpot."
Stroosma sjocht yn Terpstra in potinsjeel idoal. "Hij kan een heldenrol gaan vervullen. Vele kickboksers hebben nogal wat praatjes. Veel blabla. Maar Martin heeft dat niet. Hij wil vooral hard werken. Dat kan een voorbeeld zijn."
Goodings is fol betrouwen
Fernando Goodings hat sels ek op heech nivo kickbokst. Hy is 32 jier, tinkt der sels oer ek wer wedstriden te boksen, mar stipet no foaral Terpstra. "Assistent-trainer is wel een goede definitie."
Goodings docht de patch-training, dat betsjut in training wêrby't Gooding in soarte fan kessens fêsthâld, dêr't de kickbosker op slaan en traapje kin. "Eigenlijk alles wat Stefan aandraagt."

Goodings is fol betrouwen oer de wedstriid fan sneon. "Martin heeft de lengte, een geweldige trap -en stootcombinatie en veel kracht. Levi Rigters is een complete bokser, maar Terpstra is beter."
Profesjonaliteit
Njonken traine mei Terpstra is Goodings ek trainer fan bokser Willy Kyakonye út Ljouwert, de nûmer ien fan Nederlân yn syn gewichtsklasse. Goodings is foaral ûnder de yndruk fan de profesjonaliteit fan Terpstra. "Martin is het perfecte voorbeeld van een topsporter. Hy werkt zo hard."
De wedstriid fan sneon is wol in duel dêr't wat druk op stiet. "Het is wel alles of niets. Hij krijgt echt nog wel zijn partijen bij Glory, maar dit is een groot podium. Hij heeft nu één verloren. Voor hemzelf zal er misschien nogal druk op zitten."
De wedstriid fan sneon is wol in duel dêr't wat druk op stiet. "Het is wel alles of niets. Hij krijgt echt nog wel zijn partijen bij Glory, maar dit is een groot podium. Hij heeft nu één verloren. Voor hemzelf zal er misschien nogal druk op zitten."
Der sit noch in Fryske kickbokser by Glory. De 26-jierrige Robin Ciric fan Drachten. Ciric waard krekt as Terpstra wrâldkampioen by Enfusion, yn maaie 2019. Enfusion is krekt in nivo leger as Glory.
Op dit stuit docht Ciric mei oan House of Glory. Dat is in programma op streaming-app Videoland, wêryn't twa teams ûnder lieding fan kickboksers Badr Hari en Rico Verhoeven it tsjin elkoar opnimme. Team-Badr Hari hat yntusken wûn. Ciric sit yn dat team en wûn twa wedstriden, wêrtroch't hy no yn de finale stiet.
As hy de finale ek wint, krijt hy letter de kâns om te fjochtsjen foar de wrâldtitel by Glory.
Oer ien ding binne de trije manlju it iens: Martin Terpstra is de favoryt. Berkepas: "Wat doe ik hier anders als ik dat niet zeg? Is er ooit een trainer geweest die zei dat de tegenstander favoriet is? Martin is een potentiële hemelbestormer. Dat weten ze bij Glory ook. Daarom krijgt hij deze herkansing."
Stroosma: "Martin is de beste zwaargewicht die er is. Hij heeft de beste stoot en de hardste trap."
En, gjin ferrassing, mar ek Goodings tinkt dat Terpstra de favoryt is. "Natuurlijk. De nederlaag in Ahoy was een schoonheidsfoutje. Dat gaat hem echt niet weer overkomen."

Neffens Goodings moatte we njonken Team Terpstra ien namme net ferjitte: Baukje, de frou fan Martin. Want mei trije jonge bern moat der in soad regele wurde. "Zij regelt een hele hoop, voor Martin, maar ook voor ons. Achter elke sterke vechter, staat een sterke vrouw en dat is Baukje."