Gaswinning boppe Skiermûntseach krijt gjin grien ljocht
Der mei foarearst gjin gas wûn wurde op de Noardsee boppe Skiermûntseach. Dat hat de rjochtbank yn Den Haach bepaald yn in saak dy't oanspand wie troch ferskate natuerorganisaasjes tsjin it bedriuw ONE-Dyas.
De rjochtbank hat de omjouwingsfergunning foar de oanlis fan it boarplatfoarm ferneatige. "Als de staatssecretaris van Economische zaken en Klimaat het project alsnog wil laten doorgaan, zal hij eerst de gebreken in de verleende omgevingsvergunning moeten herstellen", sa blykt tongersdei út de útspraak.
De easkjende partijen krije fan de rjochtbank gelyk as it giet om stikstof en seesûchdieren. "Er is tijdens de aanlegfase sprake van stikstofdepositie die significante gevolgen kan hebben voor natuurwaarden. De rechtbank vindt de methode om die gevolgen te compenseren, de aankoop van stikstofrechten van drie boerderijen, niet juist."
Gasfjild boppe Skier
ONE-Dyas wol gas winne út it saneamde gasfjild NO5-A. Dat leit tweintich kilometer noardlik fan Schiermûntseach yn de territoriale wetters fan Nederlân en Dútslân. It bedriuw krige yn 2022 in fergunning fan steatssekretaris Vijlbrief fan Mynbou om dêr gas te winnen. Ek de Dútske dielsteat Nedersaksen joech in fergunning ôf.
Gaswinning op de Noardsee is al jierren omstriden. Miljeuorganisaasjes yn Nederlân en Dútslân binne bygelyks benaud foar skea oan de riffen en ekosystemen ûnder wetter. De Waadeilannen binne benaud foar de gefolgen foar it toerisme en de mooglike gefolgen fan boaiemdelgong.
ONE-Dyas is it grutste partikuliere Nederlânske eksploitaasje- en produksjebedriuw op it mêd fan gas en oalje. It bedriuw is mei in wrâldwide produksje fan 35.000 fetten deis in promininte spiler.
Yn tsjinstelling ta de NAM mei Shell en Exxon-Mobil as grutste oandielhâlders, is ONE-Dyas yn hannen fan private oandielhâlders. Dat binne ûnder oare de famylje Fentener van Vlissingen, âld-bankier Rijkman Groenink en oalje-ûndernimmers Marcel van Poecke en Jan Onderdijk.
Yn it ferline fierde Greenpeace aksje by de ynstallaasjes dêr't proefboarrings dien waarden, en op Skiermûntseach waard demonstrearre. Boargemaster Ineke van Gent hat har ek altyd útsprutsen tsjin gaswinning op de Noardsee.
ONE-Dyas kin noch tsjin de útspraak yn heger berop gean by de Ried fan Steat.