Jongerein tinkt troch Tienskip yn oplossingen: "Democratie is samen dingen voor elkaar krijgen"
Wat moatst allegear regelje ast 18 jier wurdst? En wêrom is antykonsepsje net fergees? It binne saken dêr't mbû-studinten mei omspane.
De stichting Tienskip wol jongerein útdaagje om oplossingen en inisjativen te betinken foar dit soarte fan saken, om se sa mear by de demokrasy te belûken.
'Stress', 'onduidelijkheid' en 'te duur': it binne wurden dy't op ferskate grutte fellen papier weromkomme op de Tienskipsdei. Yn ien fan de sealen fan skouboarch De Harmonie yn Ljouwert sitte groepkes studinten fan Firda. Sa ek Marith en Dennis, dy't prate oer it tema '18 jier wurde'.
"Der kinne wol saken better"
Neffens Marith wist se in pear jier lyn wol aardich goed wat se regelje moast. Mar: "Der kinne wol saken better en dat wolle je graach oan oare minsken meijaan", seit se.
Tienskipsdei yn Ljouwert
Foar de 16-jierrige Dennis is it minder dúdlik. "Ik soe net witte wat ik regelje moat of net." Hy sit benammen yn oer wat er finansjeel regelje moat. "Dêrom wolle we ek sjen wat we dêr oan feroarje kinne", leit Marith út.
Oan de studinten de útdaging om dy problemen en oplossingen mei mekoar op papier te setten. Neffens Jens Meindertsma fan Tienskip heart dat ek by demokrasy.
"Door ze te laten zien dat democratie meer is dan stemmen en Den Haag, en links en rechts. Maar dat democratie eigenlijk is: samen dingen voor elkaar krijgen."
Der sels wat oan dwaan
De studinten beprate ûnderwerpen dy't se yn de oanrin nei dizze dei oanlevere ha. "Dat zijn vraagstukken die in hun buurt spelen en zo laten we zien dat ze daar zelf iets aan kunnen doen. Dus het is ook een soort burgerschap."
De helte fan de mbû-studinten yn Nederlân hat neffens Meindertsma gjin betrouwen yn demokrasy en wit net rjocht wat de polityk foar harren betsjutte kin.
Mei dizze dei hoopje se dat dêr feroaring yn komt en krije de studinten stipe fan Tienskip as se har inisjativen fierder útwurkje wolle.
Tichteby de polityk
Riedsleden, wethâlders of amtners sitte by de studinten oan tafel en sa is de line mei de lokale polityk koart.
Sa hat in tal studinten earder foarinoar krigen dat de gemeenteried fan Ljouwert besleat om ek mbû-studinten koarting te jaan op in sportpas. Dit wie dêrfoar allinnich mooglik foar studinten fan it heger en universitêr ûnderwiis.
It groepke fan Marith en Dennis wit oan de ein fan de dei wat nedich is om mear dúdlikheid te hawwen as je 18 jier âld wurde: bettere foarljochting op skoalle troch bygelyks gastdosinten, mei workshops of mei help fan lessen.