Omrop Fryslân

Eksploazje sit ynwenners Easterein noch dwers: "De hiele nacht de lampen oan"

Berend Santema sjocht nei it skansearre hûs
© Omrop Fryslân
Nachts de lampen oanlitte en kameratafersjoch op strjitte. De eksploazje fan ferline wike yn Easterein dreunt noch altyd nei yn it doarp.
It is oars altyd sa rêstich yn Easterein, seit foarsitter Berend Santema fan doarpsbelang, mar ôfrûne tongersdeitemoarn wie in útsûndering.
Krekt nei fiif oere wie der in enoarme knal yn in hoekwenning oan de Eeskwert. De foargevel fan it hûs wie oan pún en yn de wenkeamer ûntstie brân.
De bewenner fan it hûs rekke licht ferwûne. De plysje koe nei de eksploazje yn de omjouwing in fertochte oanhâlde: in 17-jierrige Rotterdammer.
Hy sit noch altyd fêst. Hoe't de ûntploffing barre koe, en wat dêrfoar de oanlieding wie, is noch ûndúdlik.
Kamera's yn Easterein nei in eksploazje
Om it skansearre hûs en de omjouwing ekstra yn 'e gaten te hâlden, waarden inkelde dagen lyn twa kamera's om it hûs hinne pleatst. Dat barde op inisjatyf fan de gemeente Súdwest-Fryslân.
Tiisdeitemoarn binne de kamera's ferfongen troch oare eksimplaren, yn opdracht fan it Iepenbier Ministearje.
"We binne ferskriklik skrokken fan wat der bard is", seit de gemeente yn in reaksje. "Dit is echt folslein ûnakseptabel. Easterein is in lyts doarp en dit hat dan ek grutte ympakt. Wy besykje der safolle mooglik te wêzen foar de ynwenners."
"We ha út foarsoarch kamera's by de wenning pleatst om de rêst te bewarjen yn de omjouwing en om te soargjen dat der gjin minsken omhingje by it pân, dy't dêr neat te sykjen hawwe."
Boargemaster Jannewietske de Vries hat sels de opdracht jûn om de kamera's te pleatsen, fertelt foarsitter Santema.
"Dat jout ek foar de omwenners in wat feiliger gefoel. Dan is der yn elts gefal sicht op wat der op en om de wenning eventueel noch plakhawwe sil, mar it is rêstich oant no ta."
De kamera wurdt teplak set
© Omrop Fryslân
Ferline wike tongersdei wie dat wol oars. "It wie noch nacht, it wie moarns hiel betiid. De knal wie hiel dúdlik, dat makke minsken wekker en dy skrokken der enoarm fan", neffens Santema.
"Dat binne wy yn Easterein net wend, dus dat jout in skok. Hielendal as je even letter sjogge dat dêr in hiele foargevel yn de tún leit."

"Nachts lampen oan"

Thom de Groot wennet yntusken sa'n trije jier yn Easterein. Hy sjocht út op de hoekwenning dêr't de eksploazje plak hie.
"Ik moat wol sizze, it is noch wol in bytsje nerveus hjir", seit De Groot. "Minsken meitsje har noch wol soargen, benammen jûns. As it tsjuster wurdt, is der ek in oantal dy't de ljochten oan hat, de hiele nacht troch."
Omwenner Thom de Groot
© Omrop Fryslân
Dat it hûs en de strjitte no mei kamera's yn 'e gaten hâlden wurde, fynt De Groot wol in goede saak.
"Wy ferwachtsje net dat der op itselde hûs wer in oanslach komt, mar it is wol goed dat se it in bytsje yn 'e gaten hâlde."

Oanlieding

Oft it echt in oanslach west hat, sa't De Groot tinkt, is net dúdlik. De plysje en it Iepenbier Ministearje wolle fierder net reagearje op de saak.
"It kinne hast allinnich mar spekulaasjes wêze, net ien wit fan hoe of wat", fertelt Santema fan doarpsbelang.
"Dan begjinne je wol nei te tinken: wat soe dit west hawwe kinne? In ôfrekkening? Der moat ien him net aardich fûn hawwe, dat is wis."
Ien fan de kamera's yn Easterein
© Omrop Fryslân
It deistich libben yn Easterein wurdt stadichoan wer oppakt. De skansearre wenning, in hierhûs fan wenningkorporaasje Elkien, sil nei alle gedachten wer opknapt wurde moatte.
It is net bekend oft de bewenner fan it hûs weromkomt. Elkien wol dêr fierder ek neat oer sizze.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.