Wille om slingerdyk Easterein: "Dat it net hielendal goed gien is, dat is wol dúdlik"

© S. Cnossen

It wie op syn minst in opmerklik gesicht: de middenstreken op de Aenkommewei tusken Easterein en Itens. De slingerjende belining is yntusken oanpast, mar in foto fan de dyk rôp massaal reaksjes op.

Gemeente Súdwest-Fryslân hat sels ek meardere fragen oer de dyk krigen, lit in wurdfierder witte: "Dat it net hielendal goed gien is, dat is wol dúdlik."

Hoe't de belining no sa slingerjend op 'e dyk bedarje koe, wit men op it gemeentehûs net. "It waaide wol hurd, dat soe mooglik in oarsaak wêze kinne fan in stjoerflater."

Troch de bûtentsjinst fan de gemeente wurdt it streeklûken útbestege oan in bedriuw. Der giet wolris faker wat mis, foar de gemeente is it 'gjin grut issue.'

Fuort wer rjochtlutsen

Der binne wer nije streken op de dyk oanbrocht, ferklearret de gemeente: "It is fuortendaalks konstatearre en oplost."

It gie sawiesa om tydlike belining. De dyk wurdt asfaltearre: der moat noch in toplaach op, mar om't it op dit stuit te wiet en te kâld is, wurdt dat pas yn de maitiid dien.

"Ach ja, wêrom altyd sa rjocht"

Op sosjale media kamen hûnderten reaksjes op de foto fan de slingerdyk. Guon minsken seagen de foardielen der wol fan yn. "Moai litte sa. It hâldt dy skerp", sei ien fan de minsken dy't reagearre. "Ach ja, wêrom altyd sa rjocht", reagearre in oar. "Zonder slingers geen feest."

De fraach waard opsmiten oft de streeklûker miskien in buorreltsje tefolle op hie, in swier wykein efter de rêch hie of te lijen hie fan de hik. Mar de measte minsken koene der lykwols wol om laitsje. "In bytsje bryk is in minske lyk." En: "Sa komme jo der ek wol."