Omrop Fryslân

Belangen binne grut foar Cambuur tsjin Jong Ajax: "Linksom of rjochtsom, moatst de punten helje"

Roberts Uldrikis
© Orange Pictures
Remco Balk begjint moandei yn de basis by SC Cambuur. De oanfaller keart werom fan in skorsing; Roberts Uldrikis sit op 'e bank.
De Letske spits is net hielendal fit en dêrom docht trainer Henk de Jong foarsichtich mei him. Uldrikis giet wol gewoan mei de Ljouwerters op besite by Jong Ajax, want hy sit dus wol op 'e bank.
De opdracht is dúdlik: de minne rige tsjin belofteploegen trochbrekke. Cambuur ferlear dit seizoen seis fan de sân wedstriden tsjin Jong-ploegen en De Jong wit wol wêrom: "Wy ha gewoan muoite mei flugge en behindige ploegen. Mar moandei wer in nije kâns en dan sjogge we it wol."

B-junioaren

De iennige wedstriid tsjin in belofteteam dy't Cambuur wol wûn, wie tsjin Jong Ajax. "Mar dat wie doe in hiel jonge ploech, neffens my wiene it B-junioaren", seit de Cambuurtrainer oer dy wedstriid oan de begjin fan dit seizoen.
Henk de Jong hopet dat Cambuur tsjin Jong Ajax wer ris in belofteploech ferslacht
De opstelling is, op Balk foar Uldrikis nei, itselde as ferline wike tsjin ADO Den Haag. Dat betsjut dat Matthias Nartey ek wer in basisplak krijt. Ferline wike makke de Ljouwerter middenfjilder tsjin ADO syn basisdebút en dêr wie De Jong goed oer te sprekken.

Breij op de wei werom

Goed nijs is der fanút de sikeboech. Michael Breij stiet wer op it fjild en traint wer mei de seleksje mei. "Mar hy kin tsjin Jong Ajax noch net meidwaan", seit De Jong dêroer. "Ik hoopje dat er nije wike wer op 'e bank sit. Ik bin bliid dat er der wer by komt mei syn djipgong"
Agustín Anello, Toni Jonker, Vito Wormgoor, Gabi Caschili en Marcel Schaapman binne der net by. Jeremy van Mullem is noch in twivelgefal.
De wedstriid tusken Jong Ajax en SC Cambuur begjint moandei om 20.00 oere. It is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma op Omrop Fryslân. Dat begjint om 19.45 oere. It kommentaar fanôf Sportpark De Toekomst komt fan sportferslachjouwer Andor Faber.
In dei letter, op tiisdei, is der in wiidweidige gearfetting fan de wedstriid werom te sjen yn it Cambuur Sjoernaal by Omrop Fryslân.
Om sicht te hâlden om de play-offs om promoasje nei de earedivyzje moat Cambuur de wedstriid tsjin Jong Ajax eins winne. It gat mei plak acht, dat yn prinsipe rjocht jout op pleatsing foar de play-offs, is no fjouwer punten.
"As we net winne, wurdt it in oar ferhaal", wit De Jong. "Linksom of rjochtsom, moast de punten helje. Dan hâldst de druk op MVV en NAC Breda."
De Drachtster hâldt ek noch rekken mei in senario dat plak acht net genôch is en dat Cambuur by de earste sân einigje moat; dat hinget fan de winner ôf fan de lêste perioade. De Jong: "Ik besjoch it gewoan fan wedstriid oant wedstriid."
Dêr meitsje ik my net mear drok om, want ik ha der dochs gjin ynfloed op.
Henk de Jong wit net hokker spilers der moandei meidogge by Jong Ajax
Jong Ajax is de nûmer fiiftjin fan de earste divyzje. Mei belofteploegen witte je faak net hokker spilers der meidogge, om't it earste alvetal faak ek spilers ôfstiet.

Opstelling Jong Ajax

Ferline wike spile Jong Ajax ek op moandei, doe tsjin FC Den Bosch, en fanút it earste kamen doe ûnder oaren Kian Fitz-Jim, Carlos Forbs en Julian Rijkhoff yn aksje.
Ferwachtet De Jong dat no wer? "Dat witte we net. Mar dêr meitsje ik my net mear drok om, want ik ha der dochs gjin ynfloed op. As ik trainer west wie fan Ajax of PSV, dat wurd ik nea, mar dan die ik dy jonges moandeis ek by de Jong-teams."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.