Omrop Fryslân

Hearrenfean is noch yn de race om de play-offs nei winst tsjin Heracles

De spilers fan sc Hearrenfean fiere de earste treffer
© Orange Pictures
Sportklup Hearrenfean hat snein de hoop op it mooglik beheljen fan de play-offs yn libben hâlden. Op besite by Heracles Almelo wie Hearrenfean mei 2-0 te sterk. Ché Nunnely en Pelle van Amersfoort makken de doelpunten.
Heracles hie foarôfgeand oan it duel mei de Feansters it goede gefoel te pakken. De ôfrûne twa wedstriden wûn de klup noch fan Sparta Rotterdam en AZ Alkmaar.
Tsjin Hearrenfean kaam de thúsploech yn it Erve Asito lykwols al binnen tsien minuten op efterstân. Ché Nunnely wie tige wach doe't ferdigener Sven Sonnenberg fan Heracles in flater makke en profitearre: 0-1.
Opstelling sc Hearrenfean: Van der Hart, Ali, Van Beek (c), Bochniewicz, Köhlert, Haye, Olsson (90. Webster), Brouwers (59. Van Ee), Nunnely (87. Tjoe-A-On), Van Amersfoort, Wålemark (59.Loizou).
It tempo yn de earste helte lei fierder net heech. Hearrenfean hie meardere mooglikheden en waard út en troch gefaarlik, sûnder hiel ticht by in twadde doelpunt te kommen.
Krekt foar it skoft ûntsnapte de ploech fan trainer Kees van Wonderen oan de lykmakker. Ferdigener Sonneberg rekke mei syn ynset de latte.
Pelle van Amersfoort helle oan it begjin fan it twadde bedriuw al wer rap út, mar keeper Michael Brouwer stie op it goede plak.

Gjin lykmakker, goal ôfkard

Heracles like yn de 73e minút op 1-1 te kommen. Mohamed Sankoh skoarde, mar de flagge gie omheech foar bûtenspul. Nei't de VAR yn aksje kaam wie, waard de goal ôfkard.
Mar leafst twa doelpunten fan Heracles waarden ôfkard
© Orange Pictures
De Feansters ferdûbelen oan de ein fan de wedstriid de foarsprong noch fia Pelle van Amersfoort. Hy skoarde út in hoekskop en sette syn ploech op 0-2.
In pear minuten letter lei de bal der oan de oare kant yn. Foar de twadde kear yn de wedstriid waard de treffer fan Heracles lykwols ôfkard. Wer wie it Sankoh, wer wie it bûtenspul.

Play-offs?

Sc Hearrenfean hat no 36 punten sammele en stiet op dit stuit tsiende yn de earedivyzje. Dêrmei hat de ploech noch altyd de kâns om de play-offs te berikken.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.