Kees van Wonderen: "Van Persie zou een verrassende keuze zijn"
Hearrenfeantrainer Kees van Wonderen is ferrast dat Robin van Persie neamd wurdt as syn mooglik opfolger. Dochs soe er it begripe kinne as de rekôrtopskoarer fan it Nederlânsk de útdaging oangean soe. "Vanuit Robin's perspectief is het een logisch stap."
Neidat earder al bekend waard dat Hearrenfean in petear hân hat mei Maurice Steijn en Rick Kruijs, kaam dizze wike nei bûten dat ek Van Persie in serieuze kandidaat is om trainer fan sc Hearrenfean te wurden.
Van Wonderen fynt it ferrassend, mar ek in ynteressante opsje. "Hij is iemand met veel voetbalervaring en hij is heel ambitieus. Ik vind het ook goed dat hij dit overweegt en vanuit Robin's perspectief is het ook wel een logische stap."
De trainer sjocht lykwols wol in ferskil mei it wurk dat Van Persie no docht. "Je gaat hier bij een club werken waar je te maken hebt met verwachtingen en waar je een team en een staf moet managen. Dat is anders dan wat hij nu doet bij de jeugd van Feyenoord."
Kees van Wonderen oer de mooglike oanstelling fan Van Persie
Hearrenfean prestearret wikseljend en helle mar twa punten út de lêste fiif wedstriden. Dochs hat Kees van Wonderen noch alle fertrouwen yn it heljen fan de play-offs. "We staan op vier punten van Sparta en er zijn nog 15 punten te halen, dus ik geloof nog steeds dat het kan. Ik vind die wisselvalligheid ook niet altijd te verklaren, al heeft het wel met karakters en met vechtlust te maken. We missen de zogenaamde 'rotzakken', dat is een feit."
Dochs is der goed nijs te melden út de sikeboech: Luuk Brouwers sit wer by de wedstriidseleksje en kin kommende snein ek fan it begjin ôf meidwaan tsjin Heracles Almelo. Van Wonderen seit noch net of't dat ek gebeure sil. "Je moet altijd voorzichtig zijn met een liesblessure."
Osame Saraoui is in twivelgefal. De linkeroanfaller krige tsjin FC Utrecht in tik op syn knibbel en koe de wedstriid net útspylje.
Denzel Hall
Oliver Braude mist it duel tsjin Heracles Almelo nei syn twa giele kaarten tsjin FC Utrecht. Syn ferfanger wurdt yn elts gefal net Denzel Hall. Hall siet al faker net mear by de wedstriidseleksje en de kâns is lyts dat hy der dit seizoen wer by komt, seit Van Wonderen. "Wij zijn niet tevreden over hem en dat is niet iets van alleen deze week, dat speelt al langer."
De wedstriid Heracles Almelo - sc Hearrenfean is sneintemiddei om 12.15 oere en is te folgjen by Omrop Fryslân op de radio. It kommentaar komt fan Arjen de Boer.
Heracles Almelo en sc Hearrenfean bin de nûmers trettjin en alve fan de earedivyzje. Heracles wûn har lêste twa wedstriden fan ploegen út de linkerside fan de ranglist. Tsjin AZ waard it 5-0 en tsjin Sparta 1-2. Hearrenfean ferlear ôfrûne snein mei 2-3 fan FC Utrecht.