Omrop Fryslân

Oade oan de bosk: ​​​​​​​"Beammen binne it houlik tusken himel en ierde"

​​​​​​​"Beammen binne it houlik tusken himel en ierde"
© Omrop Fryslan
"Beammen binne it houlik tusken himel en ierde", seit skriuwster Annelies Henstra. Se makke it boek 'Boswerk' mei Christiaan Kuitwaard en Jan Kleefstra. It is in oade oan de bosk, dat yn rap tempo terrein ferliest yn Nederlân.
Filmmakker Herman Zeilstra folge it trijetal en makke der in FryslânDOK oer.
"It is foar my ûnbegryplik, dat we mar net ynsjen wolle dat de balâns tusken minske en natuer folslein trochslein is", seit dokumintêremakker Herman Zeilstra.
"Ik fyn it bysûnder dat trije keunstners dochs noch it geduld foar stil aktivisme hawwe, om op in leafdefolle wize de minske op oare gedachten te bringen én derfan te oertsjûgjen dat se dêr sels ûnderdiel fan is."
De FryslânDOK 'Boswurk' is in leafdefol earbetoan oan de bosk en de beam, nei oanlieding fan it boek mei deselde namme. It boek stiet fol skilderijen, proaza in essay en betogen fan Annelies Henstra, Christiaan Kuitwaard en Jan Kleefstra.
De skilderijen en teksten út it boek wurde eksposearre yn de Mesdag Collectie. Hoe 't dizze eksposysje ta stân kaam is, is ek te sjen yn dizze FryslânDOK.
De FryslânDOK 'Boswurk' is te sjen op sneon 13 april op NPO 2, om 15.30 en op snein 14 april op Omrop Fryslân. Fanôf 17.00 alle oeren.
Bûtenskilder Christiaan Kuitwaard en dichter Jan Kleefstra lutsen in jier lang wykliks de bosk yn. Se ferbleaune in oere lang yn ferskate bosken yn Nederlân, mei as doel om de essinsje fan it momint fêst te lizzen. Sa ûntstiene de skilderijen en proaza foar it boek.
"Jan Kleefstra wegeret om noch Frysk te praten of te skriuwen", seit Zeilstra. "Hy flechte de bosken yn, om't hy de ferminking fan it lânskip net mear oansjen koe.
Herman Zeilstra (links), Christiaan Kuitwaard (midden) en Jan Kleefstra (rjochts)
© Omrop Fryslân
"As minske binne wy folslein ôfhinklik fan de beammen en planten, net oarsom" sizze de makkers. "Wy dogge krekt oft de natuer los stiet fan de miske, mar dat is net sa: wy binne der in ûnderdiel fan. Wy moatte de natuer dêrom net tekoart dwaan, want úteinliks dogge wy ússels dêr ek tekoart mei."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.