Omrop Fryslân

Cambuuroanfierder Van Kaam leaut noch yn heljen play-offs: "Een grote kans"

Sportcast
© Omrop Fryslân
SC Cambuur hellet de play-offs om promoasje nei de earedivyzje, nettsjinsteande it swiere programma dat de Ljouwerters noch hawwe. Dy ferwachting sprekt oanfierder Daniël van Kaam út yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Der waard ôfrûne freed kânsleas ferlern fan ADO Den Haag (2-0) en de kommende wiken treft Cambuur noch trije ploegen dy't boppe harren steane, nammentlik FC Groningen, FC Dordrecht en Roda JC.
Mar krekt dat programma jout Van Kaam fertrouwen. "Want we verliezen de punten tegen de kleinere ploegen."
De efterstân fan Cambuur op it achtste plak is op dit stuit ien punt. "Als we twaalf punten achter stonden, dan vond ik het een kleine kans. Maar ik vind dat wij een grote kans op de play-offs hebben."

Krityk

De ôfrûne tiid krijt Van Kaam wat faker krityk op syn ferdigenjende spul. Hy soe te faak syn man rinne litte. Mei om dy reden helle trainer Henk de Jong him koartlyn ek wolris út de basisopstelling.
"Ik weet niet of het te vaak is, maar je kunt wel bij een aantal doelpunten zeggen dat het mijn man is geweest", jout de 23-jierrige Grinslanner ta. "Dus dan vind ik die kritiek wel terecht. Op die positie heb je daarin een grotere verantwoordelijkheid dan een spits."
Maurice Steijn, Rick Kruys en Alex Pastoor. Samar wat nammen dy't de lêste tiid neamd binne as potinsjele nije trainers by sc Hearrenfean.

Van Persie nei Hearrenfean?

Sportferslachjouwer Roelof de Vries wit dat der ek in oar yn byld is. "It skynt dat der in petear west hat mei Robin van Persie. Hy is op dit stuit dwaande mei de oplieding om coach yn it betelle fuotbal te wurden."
Mar as er kieze moat tusken Pastoor en Van Persie, kiest De Vries foar de hjoeddeistige coach fan Almere City. "Hoe't Van Persie praat oer fuotbal, fyn ik wol hiel nijsgjirrich. Mar hy hat noch neat bewiisd. Hy moat earst mar sjen litte dat it in goeie trainer is", seit De Vries.
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.