Omrop Fryslân

In martelgong, in reade kaart en ien minút fan hoop: Hearrenfean ferliest symboalysk fan Utrecht

Read foar Braude
© ANP
De lêste minút wie de leukste, mar it wie te let. Tsjin Utrecht hat Hearrenfean ferlern mei 3-2.
De beide Fryske doelpunten binne makke troch Patrick Walemark, yn de absolute slotfaze fan de wedstriid. Hearrenfean hie doe in man minder troch in domme reade kaart.
Opstelling sc Hearrenfean: Van der Hart, Braude, Van Beek, Bochniewicz, Köhlert, Tahiri, Haye, Olsson, Nunnely, Van Amersfoort, Sahraoui.
It hichtepunt fan de wedstriid wie miskien wol foar de ôftraap, doe't beide ploegen mei mekoar op de foto giene achter in grut spandoek fan Kika. Dy organisaasje striidt tsjin kanker by bern.
Foar ien kear spile Hearrenfean net mei de nammen fan de sponsoaren op it shirt, om ekstra omtinken te freegjen foar Kika. Alle spilers hiene in namme op de rêch fan in bern dat troffen is troch dizze sykte.
Hearrenfean en Utrecht achter itselde boadskip
© ANP
Dizze wedstriid wie symboalysk foar it hiele seizoen. Roemleas. Sa no en dan leuk, mar meastal krekt net. En soms sa dom as oalje.

Reade kaart

Olivier Braude makke it lêste kertier fan de wedstriid net mear mei. Yn minút 77 fleach er fan it fjild, omdat er twa kear yn sân minuten in oertrêding makke op in tsjinstanner.
Ferslachjouwer Roelof de Vries wie it der net hielendal mei iens. "Dy oertrêding is gjin giel wurdich", sei er live op de radio, mar it holp net. De skiedsrjochter hie syn beslút al naam.
Harkje nei it ferslach fan Roelof de Vries
De hiele wedstriid wie in martelgong foar Hearrenfean. Utrecht wie net folle better, mar in bytsje better wie genôch.

Frommelgoal

It earste doelpunt wie in frommelgoal. Isac Lidberg fan FC Utrecht skeat de bal nei in healoere achter Hearrenfeandoelman Mickey van der Hart. Dy stie no foar de njoggende kear yn de basis, op it plak fan Andries Noppert.
Sam Lammers makke it ôf foar FC Utrecht. Hy spile fiif jier lyn noch foar Hearrenfean. No skoarde hy twa kear tsjin syn âlde klup. Doe't Hearrenfean mei 3-0 achter stie, rûn it stadion stadichoan leech.

Walemark

In part fan it publyk hat dus net soen hoe't Patrick Walemark komleet út it neat twa doelpunten makke. De earste yn de lêsete minút fan de wedstriid, en de twadde djip yn de blessueretiid.
Even wie de hoop werom by de Friezen, mar dat duorre net langer as in minút. Noch foardat Utrecht wer ôftraapje koe, klonk it lêste fluitsinjaal.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.