Dit binne de tsien moaiste ferhalen fan 2023

2023
2023 © Omrop Fryslân
In brân op in skip, in deadlik ûngelok, in oarloch yn in net-al-te-fier bûtenlân, of stellen dowen. Nijs is faak net leuk.
Mar dit jier wie der ek goed nijs. Dit binne de tsien moaiste ferhalen fan 2023.
Brânwachtman Remco de Haan mei de kat
Brânwachtman Remco de Haan mei de kat © CAMJO Media
Brânwachtman Remco de Haan brocht kat wer by de tiid: "Hij begon weer te miauwen"
"De kat bewoog nog heel licht toen we hem vonden. Toen hebben we hem maar mee naar buiten genomen." Dat seit Remco de Haan fan de brânwacht fan Menaam, dy't him by in wenningbrân yn it doarp ûntferme oer in kat dy't yn it hûs achterbleaun wie.
Der siet net folle libben mear yn it bistje. "Ik heb de zuurstoftas gepakt om de kat frisse lucht toe te dienen." Nei in lyts healoere hie it effekt. "Eerst begonnen de pootjes te bewegen, daarna hoorden we hem miauwen."
De klok fan Drylts
De klok fan Drylts © Omrop Fryslân, Esther Dijkstra
Sa krige Drylts syn 481 jier âlde klok werom
It hat tachtich jier duorre, mar de grutte klok út de Mauritiustoer yn Drylts is werom op syn plak. Hy wurdt tenei wer let tagelyk mei de lytse klok. En dat hat hiel wat fuotten yn de ierde hân.
De Dútsers ha beide klokken út 1943 út de toer helle en meinaam om se om te smelten ta wapens. Dêr is neat fan terjochte kaam. De klokken binne bewarre bleaun, mar it duorre oant dit jier dat se wer klonken.
Bob Pruiksma
Bob Pruiksma © Bob Pruiksma
Wiskundedosint Bob pakt influencer Jay oan nei genderfideo en giet viral: "It is dommichheid"
Bob Pruiksma, wiskundedosint op it Bogerman College yn Snits, is viral gien mei in TikTok-filmke. Hjiryn reagearret er op in influencer, mei de namme Jay, dy't in fideo pleatste dêr't er de spot yn driuwt mei it tal besteande genders.
Sander Schimmelpenninck, Carice van Houten en Silvana Simons. It binne mar in pear fan alle persoanen dy't Pruiksma syn fideo foarseagen fan digitaal applaus.
Sa heech yn in kuorke: doarsto it oan?
Sa heech yn in kuorke: doarsto it oan? © ANP
Gjin hichtefreze yn in ballon: is dat in feit of fabel?
De Friese Ballonfeesten binne in nachtmerje foar minsken mei hichtefreze, soene je sizze. Mar yn de ballonwrâld giet it ferhaal dat, trochdat der gjin kontakt is mei de grûn, in minske gjin hichtefreze hawwe kin.
Kloppet dat wol? We freegje it oan psycholooch Irma van Steijn.
Joost Klein
Joost Klein © ANP
Doe't Joost Klein noch EenhoornJoost wie: "Ik wilde ook cool zijn"
Joost Klein giet foar Nederlân nei it Eurovisie Songfestival. Hy waard berne yn Ljouwert en groeide op yn Britsum.
Syn karriêre begûn as flogger mei in kamera dy't er fan 'e souder helle. "Je kon er amper iets van zien, maar ik was er trots op." Syn alderearste filmke sette er op YouTube, doe't er tsien jier âld wie. De jierren dêrop boude er ûnder de namme EenhoornJoost stadich oan syn populêrens op it medium.
In otter yn hûs yn Wolvegea
In otter yn hûs yn Wolvegea © Eigen foto
Aventoerlike otter strúnt troch wenkeamer yn Wolvegea: "Helemaal kletsnat"
It wie in wol hiel ûngewoane besiker yn it hûs fan Anita Kuipers yn Wolvegea. Se koe har eagen net leauwe, doe't in otter ynienen troch har hûs strûpte en rêstich op 'e bank lizzen gie.
"Helemaal kletsnat was hij, en de bank daarna ook. Even later ging hij ook nog op het tv-meubel liggen. En wat een beest, hij was best wel groot."
De kûgels yn de beam
De kûgels yn de beam © Paul Borghaerts
Hûndert jier âlde kûgels fûn yn in beam út 'e Rysterbosk: wa skeat se deryn?
In kuiertochtsje yn de Rysterbosk is útrûn op in bysûndere fynst. Paul Borghaerts fûn middenyn in stik hout fan in sike beam in tal kûgels fan mear as hûndert jier âld.
"Een kogel wordt in een boom geschoten en die boom repareert dat in 2, 3 jaar." Ut dat ûndersyk die bliken dat de kûgels nei alle gedachten tusken 1915 en 1918 yn de beam sketten wienen.
Erik van Muiswinkel op de PC
Erik van Muiswinkel op de PC © Omrop Fryslân
Kabaretier Erik van Muiswinkel fassinearre troch de PC: "Veel aan het kaatsen te danken"
It keatsen nimt Van Muiswinkel de lêste jierren altyd mei him mei. Yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert krige er ea in keatsbaltsje fan doetiidsk direkteur Arthur Oostvogel.
"Ik knijp altijd eventjes in dat kaatsballetje voordat ik opga, ook in het theater. En ik gooi hem een paar keer tegen de muur", seit Van Muiswinkel.
Sietse Vlietstra
Sietse Vlietstra © Omrop Fryslân
Sietse krige in hertstilstân, mar in AED rêde syn libben: "Ik wie letterlik dea"
By akute hertstilstân is yn Fryslân hieltyd flugger in boargerhelpferliener teplak. En dat kin libbens rêde. Dit jier fertelden we it ferhaal fan Sietse, dy't mei syn hurdringroep op wei wie doe't er troch in hertstilstân yn elkoar sakke.
"Cru gezegd is hij dood, dus je probeert er alles aan te doen om hem in leven te krijgen", seit de plysjeman dy't him rêden hat. "Het t-shirt kapotscheuren, de stickers erop en gaan."
Mischa Blok by har besite oan Súd-Koreä
Mischa Blok by har besite oan Súd-Koreä © Mischa Blok - eigen foto
Hoe't Piter Wilkens yn de syktocht nei de Koreaanske mem fan Mischa Blok bedarre
It is in opfallend motto yn it boek fan sjoernaliste Mischa Blok: 'De ein fan elke reis is it paad werom', de bekende tekst út it ferske fan Piter Wilkens. It boek giet oer de syktocht nei har mem yn Koreä.
Blok wie ûnder yndruk fan it nûmer. "Ik vind dat zo mooi in het liedje. Het eind van elke reis is de weg weer terug naar huis. En dat is eigenlijk waar mijn boek over gaat, dat is wat ik meegemaakt heb. De weg terug gevonden naar mijn eigen land."