Doe't Joost Klein noch EenhoornJoost wie: "Ik wilde ook cool zijn"

In jonge Joost Klein, dy't doe noch as flogger EenhoornJoost troch it libben gie
In jonge Joost Klein, dy't doe noch as flogger EenhoornJoost troch it libben gie © Omrop Fryslân
Hy stiet yntusken op de grutste festivals yn Nederlân en België, mar Joost Klein syn karriêre begûn as flogger mei in kamera dy't er fan 'e souder helle. "Je kon er amper iets van zien, maar ik was er trots op."
Syn alderearste filmke sette er yn 2008 op YouTube, doe't er tsien jier âld wie. De jierren dêrop boude er ûnder de namme EenhoornJoost stadich oan syn populêrens op it medium.
"Als ik eraan terugdenk, vraag ik me af wat ik als 10-jarige op YouTube deed", sei Klein doe't er yn 2015 by Omrop Fryslân as gast oan tafel siet by it programma Bynt. "Je bent zo makkelijk beïnvloedbaar."
Ik vond ze cool en ik wilde ook cool zijn.
Joost Klein yn 2015
Hy seach nei filmkes fan oare floggers. "Ik had niet echt een hobby ofzo. Ik keek op naar die andere YouTubers, vooral uit Engeland en Amerika. Het leek me tof om dat in Nederland ook te doen. Ik vond ze cool en ik wilde ook cool zijn."
Mei in kamera fan solder filme er syn eigen libben. "De kwaliteit was twee pixels en een aardappel ofzo. Je kon er amper iets van zien, maar ik was er trots op. Ik liet het al m'n vriendjes zien, ook al snapte ik niets van wat ik deed."
Joost Klein yn 2015 as gast by Omrop Fryslân:
Stadichoan fûn er út wat er allegear dwaan koe op YouTube. "Zo kwam ik erachter dat mensen buiten Fryslân het ook konden zien. Door YouTube voelt het alsof ik de buurman van iedereen ben."
Hy naam de namme EenhoornJoost oan en kocht in djoerdere kamera. "Ik heb een jaar lang huis-aan-huisbladen bezorgd en van dat geld heb ik een spiegelreflexcamera aangeschaft. Nu probeer ik minstens een keer per week een filmpje te uploaden."
It âldste filmke dat noch op Joost Klein syn YouTube-kanaal stiet:
Yn 2015 siet er op 50.000 abonnees. By RTL krige er it stimpel fan talint. "Ik doe het al een paar jaar", sei er as reaksje dêrop.
"Nu krijg ik eindelijk wat erkenning voor wat ik doe. Het is een heel apart gevoel. Aan de ene kant triomfantelijk, aan de andere kant dacht ik: had ik maar een andere naam gekozen."
In jier letter die er dat ek. Hy rjochte him hieltyd mear op muzyk yn stee fan koarte filmkes oer syn libben. Syn earste album, 'Scandinavian boy', brocht er yn 2017 út. Twa jier letter smiet him dat in gouden plaat op, dy't er krige by syn optreden op Lowlands.

Populêr yn bûtenlân

De jierren dêrnei groeide syn populariteit allinnich mar en yntusken is er ek bûten Nederlân populêr. It nûmer 'Friesenjung' waard dit jier in nûmer 1-hit yn Dútslân en Eastenryk en kaam ek yn Switserlân yn de hitlisten.
In pear moannen lyn makke Joost by AVROTROS kenber dat er foar Nederlân nei it Eurovisie Songfestival woe. Hy wie net de iennige, want 600 oare artysten woenen dat ek. De omrop keas úteinlik foar de jonge dy't op syn souderkeammerke yn Britsum begûn as flogger.